Willem Muizelaar

Willem Muizelaar, geb. Koudum 6 maart 1890, daar ovl. 30 aug. 1985, oudste zoon van Folkert Muizelaar en Klaaske Prikkel. Op de foto van Meisjeskoor Osanna in Exelsis staat Willem in het midden. Meest rechts op die rij staat Teuntje Harmens Muizelaar. Rij 2 van links af: 1. Wiepkje U. Hoekema, 3. Akke Dokkum en 6. Japke Dijkstra. De namen van de dames en de andere heer zijn helaas (nog) niet bekend (foto van Willem ontvangen van Tryntsje Munniksma-de Boer en die van het koor van Jaap van der Veer te Voorthuizen). 

Jelle de Jong: Hy is noait troud. Willem wenne letter yn ‘e Kninebuert, mei syn mem, yn in nij hûs tsjinoer it paad fan de Grifformearde tsjerke. Mooglik hat Willem dat hús sels sette litten op it stee dêr't earder it hûske stie fan âlde Folkert en Klas.

Dit is het pand in de 'Kninebuert' [Verlengde Hoofdstraat 9] waar Willem Muizelaar zijn boek- en muziekhandel begon. Zijn broer Theunis was eerst bakker in de bakkerij van hun ouders, het pand rechts ernaast. Later is Theunis bij Willem in de zaak gekomen en werd het Boekhandel Gebr. Muizelaar. Zij kochten ook het pand links op nr. 7 en zo konden ze hun zaak flink uitbreiden. 

Ansichtkaart met links de twee panden van de Boekhandel van de broers Willem en Theunis Muizelaar. In het pand waar Boekhandel op staat was de uitleenbibliotheek. De gebroeders Muizelaar voerden een liberaal beleid ten aanzien van de uitleencollectie, wat hen op commentaar van enkele fatsoensrakkers kwam te staan. Buurman Oene Ypma was in zijn jeugd een fervent lezer, op een gegeven moment had hij de hele collectie van de uitleenbibliotheek gelezen. Bij de verhuizing naar de Hoofdstraat, naar het pand van Drukker Hoekstra, zijn de panden in de Kninebuert verkocht aan fysiotherapeut Schaap (collectie Rein Jelles Munniksma). De advertentie komt uit de Friese Koerier van 27 april 1964.

 

Skriem mar net Willem

Jelle de Jong,  23 jan. 2013.

Willem syn heit en mem hienen in bakkerij in de Kninebuert letter nr. 11. Mar Willem begûn as feint in boekhannel mei in lytse útlien biblioteek neist it hûs fan syn âlden. Ik wit net as er doe ek rokerij dêrby ferkocht. Willem hie ek wat muzykútjouwerij as dat korpsen bij him blêdmuzyk bestelden. Letter is syn broer Theunis, dy’t wol bakker wurden wie, bij him yn de saak kommen, en is de winkel fergrutte. Theunis hat de saak fuortset doe’t Willem ophâlde.
De Muizelaars wienen muzikaal. Heit Folkert wie mei-oprjochter fan it korps ‘Looft den Heer’ en sawol Willem as syn broers binne korpslid wurden. Willem wie dirigint fan û.o. ‘Looft den Heer’, it sjongkoar ‘Advendo’, it Famkeskoar 'Osanna' en fluitklup 'Juliana'. Ek Theunis hat dirigint west fan de fluitklup en û.o. it korps fan Starum.
Yn ‘e tiid dat Willem foar ‘Looft den Heer’ stie wie der in konkoers yn Hielpen en se dienen it poerbêst. It heechste tal punten yn harren ôfdieling. Dat Willem sette direkts nei de útslach nei mem yn Koudum ta, om it te fertellen. Yn syn enthousiasme wie er fergetten dat hja jûns fanwege de heechste punten wer optrede moasten yn de ‘erewedstriid’. En dus jûns it korps op it poadium, mar gjin dirigint. Dat wie fansels in ôfgong foar korps en muzikanten. Jûns let kaam ien, ik wit net mear wa't dat west hat, de basblazer Piebe Hendriks Bakker tsjin, yn ‘e Kninebuert, en frege “wêr komst do wei Piebe.” Hij sei:“ik ha de hoarn yn it mûzenêst blikseme. Want sa en sa hat Willem ús sitte litten." Piebe hie fan lilkens de hoarn yn it foartúntsje fan de Muizelaars smiten.
Noch sa’n ‘Looft den Heer’ ferhaal giet oer Jan fan Ernst Bakker, ek in earsten komyk dy’t graach provosearje mocht. Jan wie lytse tromslagger en fûn efter yn it lokaal wylst ek wol fiten út. Willem wie tige oan it repetearjen mei in stik en der siet in lange ‘fermate’ yn (dan is alles efkes stil, om spanning op te bouwen). Doe’t it oan de ‘fermate’ ta wie liet Jan in knetterjende skeet dy’t er al in skoftke ynhâlden hie, foar dit moment suprême. Alle korps mannen wienen sawat út ‘e tiid fan laitsjen mar Willem koe it mar min wurdearje en gie lilk nei hûs.
Willem wie net sa sterk en hat ek in skoft lein mei TBC. Hy wie wat in sêfte man, in ‘weiten hin’ om samar te sizzen. Tryntsje fan Ernst Bakker wie in hiele goede sopraan bij syn famkeskoar, en doe frege Jelle Nauta har om bij ‘Advendo’ te sjongen. Tryntsje sei: “Doe’t ik it Willem fertelde begûn er te skriemen, mar ik sei: skriem mar net Willem ik bliuw ek noch bij jo te sjongen.”
Syn grutte momint wie yn 1920. De keninginne hie it nije Stoomgemaal in Lemmer iepene en gie dernei mei de auto oer Koudum nei Warkum om dêr op ‘e trein. Hja waard doe yn  Koudum taspile troch ‘Looft den Heer’ en Willem krige doe it komplimint fan Hare Majesteit : “U heeft mooi gespeeld dirigent!.”  Willem syn gouden oere!

 

Verantwoordelijkheid

Op vele vragen van ons leven,
moeten wij zelf antwoord geven.
Ook als het soms moeilijk gaat
en men voor vele raadsels staat.
Zelfkritiek is onvermijdelijk
en ons leven is maar tijdelijk.
Daarom dient men met z’n daân
zeer verantwoord om te gaan.
 
Voor mijn daden ben'k aanspraak'lijk,
dit te weten is noodzaak'lijk.
Voor mijn daden draag ik schuld.
Want ze zijn door mij vervuld.
Nooit mag 'k zeggen als iets misgaat,
'k heb geen schuld aan deze misdaad.
'k Ben met zo'n instinct geboren,
dus, dat lot is mij beschoren.
 
Verantwoord’lijkheid voor daden,
anderen kwellen of gaan schaden
dat is straks niet strafbaar meer.
't Komt voort uit de nieuwe leer,
want men is niet meer aanspraak'lijk,
(ja, het is soms nog vermaak’lijk).
De misdaad’ger pleit men vrij,
voor d' onschuldige geen medelij!
 
 
 
Wie een neiging heeft tot stelen,
of onschuldigen gaat kelen,
sex bedrijft, vaak nog met kinderen,
och, dat moet men niet verhinderen.
Dan tast men zijn vrijheid aan ,
(men is zeer met hem begaan)
Hij is immers zoals hij is. . .
Toon toch begrip! - Geen ergernis.
 
't Is de wet, dat schuldige mensen!
straffen krijgen, er zijn grenzen,
wat wel mag en wat niet mag,
't zijn de regels van 't gezag.
Ook de regels voor dit leven
door de Here ons gegeven.
Hij, die meent dat alles mag,
ontgaat geen straf op d' oordeelsdag!
 
W.Muizelaar,
“Claerbergen'' Koudum.
 
Willem publiceerde omstreeks 1970 het bovenstaande gedicht 'verantwoordelijkheid' in een krant, zeer waarschijnlijk 'De Balkster'. Tryntsje Munniksma - de Boer zorgde dat het bij Histoarysk Koudum kwam. Haar vader Willem knipte het ooit uit. De beide Willems waren bevriend.