De aankondiging ontvangen van Marten Visser.
Klaas Douwes Visser (1865-1945), beurtskipper fan Koudum op Snits, wie in soan fan beurtskipper Douwe Haitzes Visser en Johanna Lieuwes van der Veen. Mei syn beurtskipke de 'Klein Koudum' gie Klaas op tiisdei en tongersdei nei Snits. Hy troude op 13 juny 1889 mei Pietje Jelles Visser, in dochter fan Jelle Gerrits Visser, turfskipper fan Koudum en, en Akke Sybrens Reidsma. Sipke Feenstra skriuwt: Der waard doe altyd sein dat it yn gjin inkele skippersroef skjinner wie as bij Jelle en Akke. Pietsje Visser-Visser stoar 20 maaie 1916, 50 jaar âld. Klaas Douwes troude opnij yn 1919 mei Akke Bakker. Hja hienen gjin bern tegearre. Klaas Visser is stoarn op 23 jannewaris 1945 en de begraffenis wie op 27 jannewaris yn it grifformearde lokaal en hij kaam te hof oan ‘e súdkant fan de Koudumer tsjerke in 150 meter fan it plak dêr’t er sawat 80 jier lyn berne wie.
Klaas en Pietsje krigen trije bern:
1. Douwe, jong stoarn
2. Douwe, troude mei Rinkje van de Goot.
3. Akke, troude mei Pieter Sierds de Boer.
De sweagers Douwe Klazes Visser en Pieter Sierds de Boer ha letter de affearen oernommen en de Fa. Visser en De Boer oprjochte. Nei de oarloch '40-'45 is ek de fa. Gebr. De Jong, de soannen fan Wytze Jacobs de Jong, beurskippers op Ljouwert, oanheakke en sa is it Koudumer Expeditie Bedrijf KEB ûntstien, en waard alles autoferfier.
Uitgesloten wegens meerdere bekwaamheid
Klaas Visser wie in bêste skipper en fear altyd, ek as oaren yn Heech lizzen bliuwen gie Klaas Visser noch de mar op. Hij wie in tige betûfte hurdsiler en siet gauris yn de prizen. Gosse Blom skriuwt yn Skûtsjesilen een inleiding: Tot het gilde der hardzeilers behoorde vroeger ongetwijfeld Klaas Visser uit Koudum. Met de “Jonge Douwe”, bijgenaamd “Lyts Koudum” won hij van 1899-1902 in Akkrum steeds de prijs, waarna het bestuur hem “Wegens meerdere bekwaamheid ” uitsloot van verdere deelname.
In oar sitaat oer Klaas komt fan Douwe Alberts Visser en stiet yn it boek Heil om Seil van Hylke Speerstra: Je hoege net oan de hurdsilerij mei te dwaen om te winnen. Heit foer yn wedstriden altyd mei as fokkeman by omke Klaes Visser fan Koudum. Dy syn "Klein Koudum" wie makke to Drylts, en der hat in tiid west, dat nimmen it fan harren winne koe. Doe stie der op in kear in adfertinsje yn'e krante 'Skûtsjesilen in Grouw'. Mar dêr ûnder stie 'Klein Koudum' uitgesloten wegens meerdere bekwaamheid. Sjoch yn wurklikheit hiene se dy wedstriid woun. En sa fiélden se it ek
De Jonge Douwe wie 10 meter lang en 3 breed en boud by De Jong yn Drylts. De beurtskipkes wienen doe fan hout en net grut, meast om de 10 meter hinne en elts doarp oan it wetter hie wol ien as meardere. Koudum om 1880 hinne wol 5 as 6: Jabik Harmens (Steigenga ?) op Snits en letter dus Jabik Wytses (de Jong) en Klaas Douwes (Visser), Douwe Haitzes (Visser) en Wabe Japiks beide wyks twa kear nei Warkum en Jouke Sjouwes (van der Veer) moandeis nei Harns en tongersdei werom.
Klaas syn oantroude neef Jelle Romkes de Jong hat ek jierren feint bij him west en ek Klaas syn 7 jier jongere broer Albert Douwes Visser (âlde-pake fan de hjoeddeiske skûtsjeskippers) hat ek mei him hurdsyld.
Jelle R. de Jong
De andere zeilers in Akkrum waren geen partij voor de 'Klein Koudum' van Klaas Douwes Visser en ze kwamen blijkbaar niet opdagen als hij mocht inschrijven. Advertenties links ontvangen van Marten Visser, de advertentie rechts uit de Leeuwarder courant.
'De Jonge Douwe' as 'Klein Koudum' leit oan it Grutsân yn Snits. Yn e waring stiet soan Douwe (geb. 1891) Foto van rond 1905.
Twa foto's, mooglik makke op deselde dei, fan 'De Jonge Douwe' ûnder seil. Rjochts oan e wyn en links mei in moaie romme wyn. It waaide knap en it skipke lei djip, mar oan de hekgolf is wol te sjen dat it hurd giet. De foto rjochts is neffens de dokumentaasje fan Het Fries Scheepvaartmuseum makke yn 1910. Omdat Klaas yn jan. 1911 in moterskip hie kin de foto's wol ris makke wêze y.f.m. de ferkeap fan 'de Jonge Douwe'. Beide foto's bin tastjoerd troch Marten fan Piet en Hammie Visser, in oerpakezizzer fan Klaas Douwes Visser.
Klaas Visser gie op 24 jannewaris 1911 oer op in motorskip hja kinne dan mear fracht, fee en ek in 10 reizigers meinimme en gean dan ek oan yn Heech en Drylst. OP de foto rjochts Klaas Douwes Visser mei pakkesizzer Piet Douwes Visser (1925-1980) dy't mei Hammie Martens Feenstra troude. Sy skowe fanôf de Wyk in karre mei lege grientekisten en noch wat pakguod de buorren op (kolleksje Sierd Pieters de Boer, ek in pakesizzer fan Klaas Douwes Visser).
Beurtschip 'Concurrent' van Klaas Douwes Visser in de Wyk.
De "Concurrent", het motorschip van Klaas Douwes en later zijn zoon Douwe Visser.