Sikko de Jong fan Ryptsjerk stjoerde my de foto fan syn oerpake en -beppe en skreau der by: Ik stjoer jo hjirby in foto fan myn oerpake Ype Sikkes de Jong. Hy wie ferwer yn Koudum en wie troud mei Hansje Tjebbes Feenstra. By harren stiet harren dochter Harmke de Jong. Ik ha de foto krige fan in beppesizzer fan Harmke de Jong, de hear Marten van Es. Nei alle gedachten is de foto makke yn 1911.
Ype Sikkes de Jong, berne op 25 oktober 1845 yn Koudum en stoarn op 30 augustus 1919 ek yn Koudum. Hy is it tredde bern fan Sikke Ypes de Jong, ek ferwer yn Koudum en Zeeger Mooy. Hansje Tjebbes Feenstra, (1844-1923 is in dochter fan Tjebbe Wisses Feenstra, kleanmakker yn Koudum, en Harmke Andries Visser. De dochter dy’t der by stiet op de foto is Harmke (1878-1955). Hja wie troud mei Marten van Es. In broer en in suster fan Ype Sikkes binne ek troud mei Koudumers. Aaltje de Jong (1843-1888) trout mei Hidde Rinze Koornstra en Jelle (1855-1927) trout mei Aaltje Roosjen (1850-1938).
Myn oer-oerpake, oerpake en pake wiene skilders yn Koudum. Harren namen wiene: Sikke Ypes de Jong, Ype Sikkes de Jong, Sikke Ypes de Jong, trout mei Hieke de Jong, in dochter fan Jacob Wytzes de Jong en Sjoukje Langeraap.
Sikko de Jong schreef bij de foto het gedenkbord dat in de Martinikerk hangt: Ype Sikkes de Jong is ek de man dy’t yn tinkboerd yn de tsjerke yn Koudum by de restauraasje oerskildere hat en in ferkeard jiertal dêr by set hat. It boerd is fan 1612 mei in ûnderskrift út 1652. It boerd is restaurearre yn 1891 en it skilderwurk is doe dien troch Ype Sikkes de Jong. Der is doe in fersin troch him (?) in flater makke yn de tekst. Ynstee fan 1586 is by de restauraasje 1580 as jiertal delset op it boerd.
De tekst dy't op it boerd stiet is: Anno 1580 In januari op Pontiaen den XIIII dagh in Koudum groot jammer men sagh aen man, wyff ende kind, groot in ’t ghetal, met hangen ende vrouwenschenden overal: An die Peerdesteerten ghebonden voorwaer Als honden zy naeliepen, dat is seeker en claer Al van de malcontenten seer boos en wreet leeden oock jonghe dochters menig verdrit Hieraen gedenckt man wyf ende kindt Vooral dat ghy den Heer bemindt Myn kindt wilt ghi Gods dienaer syn soo schickt u ter aenvechtinghe.
Underoan op it tinkboerd stiet it: Herschildert 1891 Ypen de Jongen.At Ype Sikkes de Jong ferstjert wurdt de ferwerssaak ferkocht. Ut de akten docht it folgjende bliken: 20 oktober 1919 des namiddags te 3 uur ten huize van de logementhouder Marten Elgersma, te Koudum verscheen voor mij Gerrit Franckena, gemeenteontvanger, handelende als mondelinge lasthebber van 1. mej. Hansje Feenstra, wonende te Rauwerd, weduwe van Ype Sikkes de Jong, 2. Sikke de Jong, schilder ten Engelum, 3. mej. Pietje Zijlstra en Renze Keegstra, rijksveldwachter wonende te Joure, echtelieden respctievelijk moeder-voogdes en en medevoogd van Fokje en Ype de Jong, minderjarige kinderen van Pietje Zijlstra en wijlen haar eerste echtgenoot Tjibbe Ypes de Jong, 4. Siebren de Jong, schilder te Rauwerd, 5. Harmke de Jong, weduwe van Marten van Es, wonende te Rauwerd, Zeeger de Jong, wonende te Koudum.
It giet dan om de ferkeap fan: Een burger- en winkelhuizinge, met verfwinkel, bleek met tuin, open werkplaats, put met pomp, regenbak, privaat aan de Hoofdstraat, vrije steeg, sectie A, nummer 2754, groot een are en zesendertig ca en nummer 2755. Ut de akte docht bliken dat alles hiel krekt beskreaun is. Dúdlik wurdt oanjûn wat der wol of net by heart of wat der ekstra bykocht wurde moat. De toonbank in de winkel, de glazenkast in de keuken, de verfbank in de winkel en de kippenloop op het erf moeten door de koper worden overgenomen voor vijftig gulden. De kleerkasten in bijkamertje en verfwinkel en het ingemetselde fornuis in de keuken alsmede alle op en aan het perceel staande stekkage en schuttingen zijn in de koop inbegrepen. De behangselkast in de winkel, de verfwarenkast, de verfmolen, wrijfsteen en verdere gereedschappen in den verfwinkel zijn niet in den koop begrepen. Sybren Woudstra, in timmerman út Koudum biedt op dizze feiling 3503 gûne foar it hûs.
Mar op de definitive ferkeap op 3 novimber 1919 docht Siebren Fekkes Venema, boer, yn opdracht fan Bauke Bosma, ferver út Westhim in bod fan 3958 gûne en hy is dermei eigner wurden fan it pand fan Ype Sikkes. Der wurdt op 10 novimber 1919 ek noch in boelguod hâlden fan alles wat yn it hûs is oan hûsrie ensfh. It is kreas byhâlden wat der allegearre ferkocht is en wat it opbrocht hat. It totaalbedrach fan de opbringst wie 440 gûne en 40 sinten. Understeand in pear saken oanjûn dy’t ferkocht waarden en it bedrach wat dy dingen opbrochten. Eierrekje -,30 Dambord 1,- Petroleumkan -,35 Lessenaar 1,80 Bijbel 7,- Klok 7,- Turf 9,- Tafelmessen 1,20 Karpet -,70 Tabakspot -,55 Scheermes -,50 Zwilk 3,25 Looper -,25 Tobbe -,25 Stoven -,85 Stoven -,85 Hengelstok -,35 Inktstel -,10 Koekepan -,85 Strooppot -,45 Petroleumstel -,50 bakijzer -,45 matrassen 1,70 Gordijnen 2,80.
Sikko de Jong schreef bij bovenstaande foto van zijn grootouders Sikke en Hieke de Jong: Ús heit Tjibbe de Jong (berne yn 1910) wie in soan fan Sikke Ypes de Jong en Hieke de Jong, dy’t ferwer wie yn Koudum. Us heit hie noch twa âldere broers, nammentlik Ype en Jacob (Jaap). Myn pake is jong ferstoarn (1926) en leit begroeven op it hôf by de tsjerke flak by de yngong nei it hôf fanút de winkelstrjitte. Myn beppe is in pear jier letter ferstoarn (1928). Us heit syn suster Hansje is yn 1929 ferstoarn. Myn pake Sikke syn frou Hieke wenje earst yn Inglum en komme yn 1920 werom nei Koudum. Hja hawwe dêr dan ek in ferwerssaak. Harren soan Sikke wurdt net âld en ferstjert yn 1926, soan Ype besiket de ferwerssaak oer te nimmen mar troch leadfergiftiging moat hy der mei ophâlde. Beppe Hieke is dan ek al stoarn en de saak wurdt dan ferkocht. Us heit, Tjibbe de Jong, is dan wees as hy 18 jier is. Hy wurdt bakkersfeint by Klaas de Vries.
Goed in jier nei beppe Hieke, op 18 febrewaris 1929, komt dochter Hansje op de leeftyd fan 24 jier te ferstjerren. Krekt sa as har mem is hja ek stoarn oan tbc. Op it tsjerkhôf yn Koudum stiet allinne mar in stien foar pake Sikke Ypes. Beppe en dochter binne ek op dat plak begroeven, mar der wie gjin jild om de stien oan te passen of der noch in stien by te setten. As tekst op de stien fan pake Sikke stiet 2 Korintiërs 5: 1: “..Want wy witte: as ús ierdsk hûs, dat oars net as in tinte is, ôfbrutsen wurdt, dan hat God in gebou foar ús, in hûs yn de himel, ien dat net mei minskehannen makke is, mar dat ivich bliuwt".