Jacob Wytzes en Sjoukje de Jong - Langeraap

Sikke de Jong fan Ryptsjerk en Agnes de Jong fan Purmerein, Jacob Wytzes de Jong fan Koudum, in skipper en hurdsiler


Van  Agnes de Jong  út Purmerein, in pakesizzer fan Wytze de Jong fan it  K.E.B. , krige ik aardige ynformaasje oer it laach fan Jacob Wytzes de Jong, dy’t begûn is mei in beurttsjinst fan Koudum nei Snits. It die bliken dat Jacob Wytzes de Jong de oerpake is fan ús beide. By har fan har pakes kant en by my fan myn beppes kant. Ik ha noch wat ynformaasje der by socht en it like ús beide no aardich om hjiroer in stikje meitsjen foar it Nostalgisch album fan Koudum. Sikke de Jong.

Jacob Wytzes de Jong is yn 1843 yn Drylts berne. Hy trout yn 1870 yn Drylts mei Sjoukje Langeraap. Ut de trouakte docht bliken dat hy 'varensgezel' wie. Hja krije 4 bern:
1. Wytze Jacobs, Drylts 8-6-1872, Koudum, 8-5-1933.
2. Hieke, Drylts 8-11-1874, Koudum 10-2-1928.
3. Jelle, Drylts 8-11-1879, Froubuorren 21-7-1969.
4. Rienk, Koudum 26-1-1884, Snits 27-11-1958.

Mar Jacob Wytzes wol gjin feint bliuwe. Hy hat oare plannen en begjint yn desimber 1880 in feartsjinst tusken Koudum en Snits.

Wannear’t Jacob Wytzes en Sjoukje nei Koudum ferhúze binne, witte wy net. Mar it sil net sa folle letter as 1881 west hawwe, want yn de advertinsje oer de oername wurdt oanjûn dat it haadkantoar yn Koudum is en ek hoe’t de Neptunus der útsjoen hat is net bekend. Wol is yn it skipfeartmuseum yn Snits in model fan in beurtskip Koudum-Snits te sjen. http://friesscheepvaartmuseum.nl/beeld/fsm-col1-dat14331.
De beurttsjinst rint kenlik hiel goed, want Jacob Wytzes lit yn 1889 in nij skip bouwe by Barkmeijer yn Snits. Neffens de Snitser krante wie it it earste izeren skip dat by Barkmeyer boud waard. Van de werf voor ijzeren scheepsbouw van de heeren Barkmeijer, alhier, is jl. zaterdag het eerste aldaar gemaakte Schip te water gelaten. Dit Schip, groot 20 ton, ziet er keurig netjes uit en is gemaakt van staalplaten voor rekening van den heer Jacob de Jong  te Koudum, om te dienen als veerschip tusschen Koudum en Sneek. Thans is op diezelfde werf de kiel gelegd voor eene groote ijzeren Tjalk van p.m. 90 ton. (út: www.skutsjehistorie.nl
Jacob Wytzes hie letter in motorbeurtskip mei de namme "Geertruida III". It ferfier bestie benammen út fee foar de feemerke yn Snits, tsiis en bûter en ek oare saken fansels. En njonken de fracht koene ek noch in tal passagiers mei de boat mei. Syn soan Wytze nimt letter de feartsjinst oer en wer letter dy syn soannen Jacob, Jelle en Rienk. Soan Wytze wie earst yn tsjinst by syn bruorren en letter by de Hoogovens yn IJmuiden.

Jacob Wytzes is net allinne mar skipper op syn beurtskip. Hy is ek yn Koudum maatskiplik aktyf. Yn it jubileumboek fan de Kr. Skoalle fan Koudum fine wy Jacob Wytzes syn namme by in fersyk tsjin faksinaasjetwang dat yn 1887 oan de Twadde Keamer oanbean waard.  
 
 


Jacob Wytzes as siler

Jacob Wytzes wie net allinne mar beurtskipper. Hy die ek mei syn skip oan sylwedstriden mei. Mei syn earste skip  "Neptunus" hat er oan sylwedstriden meidien en hiel wat kearen siet er mei de "Drie Gebroeders" yn de striid om de prizen dy’t beskikber steld wienen. Ut kontakten mei in meiwurkster fan it "Friese scheepvaartmuseum" yn Snits is besocht dêr wat dúdlikens oer te krijen: In de hardzeillijsten kom ik inderdaad ook de naam Drie "Gebroeders" en "Neptunus" tegen in combinatie met de naam J.W. de Jong. Met de "Drie Gebroeders" o.a. in 1892, 1896, 1897, 1901 en 1902. Met de "Neptunus" alleen in 1881

Yn 1892 wie der yn Snits in hurdsyldei dêr’t Keningin Wilhelmina en Keningin-regentes Emma by wiene. Yn it programma foar dizze hurdsyldei yn Snits stiet Jacob Wytzes mei de "Drie Gebroeders" as dielnimmer ynskreaun by de “beurt- en veerschepen”.

 

Jacob Wytzes hat dus oan dizze wedstriid  meidien en faaks hat er de keninginne en de keninginne-regentes ek noch sjoen. Jacob Wytzes hat,  sa docht út de krante fan 22 juny 1892 bliken, wol hiel goed syn bêst dien en soe eins ien fan de preemjes fertsjinne hawwe, mar spitigernôch fear hy net de goede rûte en foel dêrom bûten de prizen. Neffens boarnen út de famylje makke Jacob Wytzes fan kapotte klompen sylboatsjes foar syn pakesizzers. Dy koene der dan moai mei farre en meidwaan oan  de wedstriden dy’t foar harren hâlden waarden yn de  haven fan Koudum. Wa wit hawwe ús heit en syn broers dêr ek wol oan meidien. 

 

Yn 1920 binne Jacob Wytze en syn Sjoukje 50 jier troud en de bern pleatse in advertinsje yn de Ljouwerter krante. As hja 55 jier troud binne yn maart 1925 wurdt de foto makke. 

 

Mar net lang nei it 55 jierrich houliksfeest yn maart 1925 ferstjert Jacob Wytzes op 14 augustus fan dat jier. Sjoukje libbet noch in pear jier en ferstjert op 27 jannewaris 1927. Op it tsjerkhôf rûn de tsjerke yn Koudum lizze hja begroeven. It grêf is in pear jier lyn romme en foar it begraven fan in oar famyljelid.