Koudum leit sa wolgelegen Koudum lei sa moai yn’t beamte |
Koudum hat syn grutte sintrale Koudum hat ek rintenieren |
It Liet is oerlevere troch in lûdopname, om 1970 hinne makke by de bejaardensoos, digitaal makke en beskikber stelt troch Romke Kroondijk. De sjonger is Siemen van der Veer. De tekst is net oeral like goed te ferstean, wat binne krekt de wurden fan de twadde rigel fan kûplet 1 en de fierde rigel fan it twadde kûplet?
It ferske moat makke wêze om 1920 hinne, sjoent de ferwizing nei de deade beammen fan de Beukenlaan yn kûplet 2. Oant 1922 hie it doarp noch in eigen elektrisiteit sintrale, dy't blykber in soad swartsel de loft yn jage, kûplet 3. Mei 'warenhûzen', kûplet 4, wurde grientekassen bedoeld.
Hat immen de tekst op papier as oare ynormaasje oer dit liet? Dan komt Histoarysk Koudum graach yn kontakt.