(wize fan: "It Heitelân" fan J. Lindeman)Tusken mar en poel bisletten, Yn 't âlde Fryske lân,Dêrre leit it lytse doarpke Dat ús bynt mei fêste bân.Dêr't de hege toer syn wêzen Blike lit sa fier yn't rûn,Dêrre leit it plakje Koudum)Us sa leave bertegrûn: ) twarisHwat ús bynt oan't âlde doarpke ? Is yn't earst it âldershûs.Heit en Mem en d'âlde wente, Leed - ek wille by de rûs.Dan dy feinte-fammejierren Forjitte kinne wy se nea.Om dàt alles, Koudum, bist'ús )It leafste doarpke fan it gea ! ) twarisSmûke plakjes: âlde Singel, Binnedyk en Dammensewei,Dêr't it jongfolk him fermakke, Koudum, wier, dou bliuwst' ús nei.Dan dy moaije fiere sichten, Nei Hylpen, Wâlde en Ymedaam,Fan'e Dammen oer de marren. )Koudum doarp, wy leavje dij ! ) twarisDe Jouwer 1970, Sietse Gerts van der Heide |
Jantje Muizelaar levere dizze foto fan de bledmuzyk fan it Koudumer Doarpsliet, makke troch J. Nauta út Snits. It sit by in eksemplaar fan it boekje Minsken fan doedestiids, skreaun troch Van der Heide, dat Jantje krige fan in fertsjintwurdiger. Oan ús Willem Jan, fan S.G. v/d Heide , De Jouwer 6 / 2 '74, stiet as opdracht op de titelpagina. Ek de oantekening op de bledmuzuk is fan Van der Heide.
Harkje nei de útfiering fan It Doarpsliet troch The Goldstars; Johannes van Dijk en Peter van der Molen: