Jan de Vries skriuwt bij dizze foto: Dizze foto is fan omtrint 1925 en makke op de pleats fan Ulke Dijkstra [Kerkhoflaan 5]. Ulke hat syn gesin op de fersierde bolderkarre. Hy wie widner, syn frou is ferstoarn flak nei de berte fan Tommie dy't njonken Ulke op de karre sit. It famke by de fyts is Japke. Neist Tommy sit Corrie en efter Tommie sit Sietske. Feikje sit efter yn e midden mei rjochts húshaldster Trijntje Bloemsma en links in ûnbekind famke. De foto komt fan Afke Dijkstra út Snits, pakesizzer fan Ulke en in dochter fan neamde Bertus.