Willem (Durks) en Antje de Boer - Bijl

Willem de Boer en zijn groentekar met biologische hulpmotor, die onder de kar deels zichtbaar is, gefotografeerd in de Hoofdstraat voor de bakkerswinkel van Van der Veer. Het lijkt wel of hondenkar / 'hunekarre' een noodstop heeft gemaakt. De negotie hangt overboord en de aardappels liggen in de goot (foto ingestuurd door Wouter van de Molen, afkomstig  van Jouke van der Veer uit Italië). Willem Durks de Boer, geb. Koudum 13 jan. 1901 , zoon van Durk Willems de Boer en Aukje Wouda, trouwt Koudum Antje Bijl 23 jaar geb. Lemsterland. Zij kregen twee dochters: Aukje en Wieke.

Jelle de Jong: Willem en Antje wennen oan de Snakke yn 'Rifka', [Zwarteweg 1], hy wie túnker , grientesutelder, en hat ek mei hynder en glêswein in tsjinst dien op it stasjon Koudum-Molkwar. Dernjonken wie er koster fan de Grifformearde tsjerke. As koster hat er him ynsetten foar in nije stuollen en tafels yn it lokael. Yn in persoanlike aksje gie er bij alle gemeenteleden lâns en krige dat klear. Yn it lêst fan syn warbere libben wie er klompmakker yn de âld skoalle efter de Buorren. Hy hie in handikap want de iene skonk wie koarter as de oare, wêrtroch syn heupen ferkeard en tefolle útsliten. 
Willem en Antsje stean optekene as 'rjochtfeardigen ûnder de folken' yn it Holocaust Betinkingssintrum te Jeruzalim fanwegen it herbergjen yn de Twadde Wereldoarloch fan it Joadske famke Rifka. 

Willem wie in fleurige man en altyd fol ideeën. Hij die ek wol mei oan resiteerwedstriden en hie somtiden in ûnbidich sukses. Hij die in kear in earnstige foardracht 'het gebed van de Dronkaard', en koe dat tige útbyldzje op knibbels op it poadium, dat de seal lei dûbbelt fan it laitsjen, al wie dat no just net it doel fan foardracht en foardrager. Teake en Trien van der Veer, syn neef, en harren buorlju Johannes en Trientsje Elzenga-Hokema, kamen ek wol bij Willem en Antsje te jûnpraten. Op in kear (hja wennen doe al yn it nije hûs) sei Teake: "gau it gerdyntsje ticht want dêr komt Willen oanfytsen". Willem fytste lâns en seach gjinien dus letter mar wer, en wer. Op it lêst stapte er fan de fyts en nei de doar: "Sille jimme de gerdinen ek ris iepen dwaan, want ik ha boadskip. Jûn komme jim fjouwrisaom te jûnpraten". "Ja mar", sei Teake, "allegear niks" andere Willen,  "jûn om 8 oere". Dat hja de jûns nei Rifka en troch de doar, komt in man harren temjitte hielendal wyt opmakke as Pierrot en yn in swart pak mei hege hoed. Oan it rinnen te sjen wie it Willem en Antsje stie efter him te gibeljen. Doe hat 'de nije boargemaster fan de Snakke' de gasten earst mar ris efkes goed tasprutsen en op it harspit nommen. Sjoch sa wie Willem: yn foar in moaie 'act' en der die er ek wat foar.

Op deze foto (omstr. 1920) vanaf de toren richting de Snakke, staat links in het midden het huis van Durk en later diens zoon Willem de Boer. Het zuidelijke (hoge) deel van de Zwarteweg was toen nog niet aangelegd. Het huis stond daarom aan de Snakke. Nu is het adres Zwarteweg 1.