Hjir soe eins in bettere foto (en leafst ek in pear mear) te sjen weze moatte fan Pier Aukema. It is te hopen dat dit gou feroaret.
Dit binne de âlden fan Pier Aukema. De foto mei ûndersteande ynformaasje is stjoerd troch Sijtze Aukema te Ljouwert. Jacob Piers Aukema, geb. koudum, 17-10-1893, kruidenier, drogist, fouragehandelaar te Koudum, daar overl. 23-12-1970, zoon van Pier Jacobs Aukema, schipper en fouragehandel te Koudum en Maaike Sijbrens de Jong, trouwt Hemelumer Oldephaert en Noordwolde, 17-07-1919 Magdalena Nannes Fopma, geb. Marssum, 25-08-1895, |
Pier fertsjinnet in spesjaal plakje yn dit album omdat er ferhalen skreaun hat oer syn bernejierren yn Koudum.
Pier Aukema (1920-1997) hat yn 1977, yn de ‘Balkster courant’, tsien stikken skreaun oer syn belevenissen yn it doarp oant ungefear 1935, ûnder de titel: ‘Kâldum yn myn bernejierren - ‘n foech fiftych jier letter as fen Sipke Feenstra’. Dy ûndertitel stie alinne boppe de earste ôflevering, publisearre yn de krante fan 1 juny. Sipke Feenstra (1872-1963) skreau in searje stikken, ek yn ‘de Balkster’ en ûnder hast deselde titel: ‘Koudum yn myn bernejierren’. Yn 1969 bin ûnder dizze titel dy ferhalen yn boekfoarm útjûn. Sipke wie Pier syn foarbyld, sy wennen ek noch beide yn Snits.
Fierder lêze troch te klikken op ûndersteande keppeling.