Slach troch de Buorren om 1900 hinne

Op aldere leeftiid hat Sybren Venema (berne 1890) yn de Balkster krante yn dichtfoarm publisearre oer it dorp fan syn jeugd. It understeande hat de namme 'Weromblik' en ferskynde op 12 febr. 1970. It giet oer de bewenners fan de Hoofdstraat omstreeks it jier 1900. Yn it earste kûplet leit er syn bedoeling ut:

‘k Woe noch even troch de buorren
fan sa santich jier tebek.
‘t Wie doe oars noch as tsjinwurdich
‘t Wie al wat in oar bestek.

Venema begjint by 'Het Wapen van Friesland' en giet oan dy kant fan de strjitte alle panden bylans oant er yn kûplet 17 hast by de Symkewyk is. Yn it folgjende giet er nei de oare kant wêr't er mei 'Spoorzicht' begjint en sa oan dy kan fan de strjitte werom giet nei 'de krusing Hege Wei'. Venema hie in hiel goed geheugen wat de gebouwen oanbelanget. Dit blykt ut de kadasterkaart fan 1887. In útsnijing fan dy kaart is diel fan dizze side, nei it gedicht. De nûmers achter de kupletten ferwize nei de nûmers op dizze kaart. De beskriuwingen binne yn byld te sjen op tal fan foto's en ansichtkaarten fan de Buorren út dy tiid.  

1. ‘k Woe noch even troch de buorren
fan sa santich jier tebek.
‘t Wie doe oars noch as tsjinwurdich
‘t Wie al wat in oar bestek.

2. Op de hoeke fan de strjitte                   2237
By de krusing Hege wei
Stie de grutte doarpsherberge
Ek de waach wie’r noch net wei.

3. Letter is de waach ôfbrutsen
Fan in trochreed wie ferlet
In sichtber stikje doarpshistoarje
Jammer, dêr waerd net op let.

4. Neist de waech lei’t skieppekampke     2016
T’wie fan Hindrik Seldenthús.
Fierder wer’t de Boer no wennet              2017
Wie de Carpentiers har thús.

5. Dan kaam van der Veer, de bakker       1858
Earst wie’t Jan en letter Sjouke en Jouke
Bruorren folgen elkoarren op.
Folge dan mynhear de ûntfanger,
Mei de namme fan Gelok

6. Neist dy wenne Ynse Faber
Dy wie smid fan syn berop
En dan krigen je Popke Akke
Yn ‘e hûs noch Willemke en Jap

7. Dan de skuon- en sadelmakker,
Bekensma, wa hat Durk noch kend?
Yn de herberch dy’t dêrnei kaem,
Elgersma, elk wol bekend.

8. Oan de oare kant de stege                   1894
Wenne doe noch Idzerd Krol
En dan Okkinga die ‘t sân woun               1862
Ut de dobbe, wist noch wol?

9. Wer ien hûs fierder Jacob de Jong       1861
Hie deselde grutterssaak,
Op ‘e hoeke Willem Kûper                       1608
Letter dochter Beitske nea oer staak.

10. Om ‘e hoeke wenne Ype Grietsje
En dan Jouke van der Veer
Hie in fear op Harns en Boalsert
Sa’t mij foarstiet wyks ien kear.

11. Jabiks Baukje selde wente,
Dreau in drankferkeaperij
Op it hoekje oan ‘e Smidswei
Romke Feenstra skuonmakkerij

12. Klean en lappen,bân en doeken         2456
Kocht men bij Anne Okkinga
Yn it hûs fan no Pé Kamstra
Dêrneist Lykele van der Wal

13. Jeremias Heins kaam dan, de bakker  2304
‘t hjit noch altyd Bakkersteech
Dernei IJ. de Jong de ferver
En Aeltsje Pot ‘s hûs lei sa leech.

14. Klaes Douwes Visser dy’t no folge
Hij hie in geregeld fear op Snits
Jakob Sjouwes wie al rêstend
In widdo wenne dêr steeds mids

15. No kaan Wielinga de skearbaas
Neist L. Dokkum, ‘t steatelid
Dêrnei folge Gerben kramer
Brocht it moal fuort mei de hit

16. Dan kaam ‘t âlde postkantoar             2412
Douwe de Vries wie doe de hâlder
Gemeente-ûntfanger van der Meulen      2411
Wenne doe yn’t greate hûs
Formanningsteech lei neist syn wente

17. Fierder wie doe dokters tûn
Yn ‘t lêste hûs dat dan noch folge            2717
Wennen doe de Lappidoths
Letter wie ‘t nochris de Jong.

 

 

18. De oare kant wie fierder útboud
‘t Kafé stie oan de Ûnderwei                         2750
In Quarré wie dêr de baas doe
Ek de Fermoanning bistjûrde ‘r mei

19. Nou omheech, de earste Bandstra
In bytsje efterút wie’t boud
Hieloars as de oare wenten,
Dy stiene pal oan’e strjitte boud

20. Arjens Martsje, Jappe Roosjen
En van Gijzen wennen der yn
De timmerwinkel dy’t dan folge
Wie fan Doede de Jong en oars gjin ien.

21. De âld Fermoanning stie dêr neist doe   2301
Letter waard er gâns fernijd
Oer de wei tsjinoer de winkels                      2814
Stie de Vries syn buorkerij

22. Dêr’t no J. de Jong noch wennet             2539
Wennen doe syn heit en mem
 ‘t Selde fak, mar doe mei ‘t beurtskip
Letter noch in motorskip.

23. Dan kaam âlde Rime Kramer                   2540
Dy’t gjin mins ea  kaam te sjen
En dan folge Rinder Keulen
Buorkerij wol mar gjin bern.

24. Auke Sibes wenne yn ’t steechje
Letter wie’t in slachterij
En dan ‘t grutte hûs fan meester,                 2542
De frou hie in huodsjemakkerij

25. Yn twaen dielt waard d’ oare wente
Fan de dames Hornstra,
Bakker Groenhout it stik nei ûnderen           2459
En Pier Aukema nei boppen ta.                     2460

26. Oer de wei ek krekt om it hoekje            2416
Stie it koperslaggershûs
Mei in winkel en in wurkpleats
En dêrnei it sniderhûs

27. De earste och jim witte ‘t Kemker
De twadde Sytse Fetsje neamd
Dernei de yngong nei de tsjerke
Op ‘e hoek Douwe Visser’s went

28. Dan de herberch, doe de Pauw neamd   2646
Jouke de Boer wie der kastlein,
Theunis van der Zee wie bakker                     155
Foarhinne ried er mei de wein.

29. Neist him wenne Pietsje Snijder
En Durk Jaarsma yn de steech
Van Dijk, de master wenne yn ’t skoalhûs
De skoalle stie ek oan de steech.

30. Fierder op wie’ t Gosse Visser
In lapkewinkel, en hij rûn mei ‘t pak
Dan in tún mei in plakje balstien
‘t Gemeentehûs is no in leechplak.               1993

31. In bytsje efterút yn ‘t túntsje
Stie de went fan Sj. Quarré
En dan kaam der wer in bakker                     2671
Wie ‘net Groenhout? ‘t Mist net, né
Letter Sybolt Mensonides

32. Neist de bakker Piersma’s pakhûs
In eintsje fan de strjitte boud
En dan hûs fan Tjitte Piersma
Foar wol twa húshâldings boud

33. Oan de strjitte dan in plakje
Wêr’t soms keuring hâlden waard
Foar it stamboek , soms fan bollen
Mar ek hynders is wol bard

34. Dit wie dan , al is’t ek breklik
In byld fan de âlde strjitte doe,
Wat it is, ik wit it sels net,
Dochs net minder moai as no.

35. Mei syn âlde linebeammen
Foller, moaier noch as no
Mei syn balstien neist Gosse Oeke
En ek ûnder it waachgebou.

Uitsnede Buorren kadaster 1887

 

Jan de Vries, december 2025