Sybren en Jantje Venema - Bajema

Het echtpaar Sybren Venema en Jantje Bajema. Deze foto is gemaakt in 1962 in de grote tuin van Vermaningsweg nr. 5, waar het echtpaar toen woonde. Sybren is geboren te Koudum op 5 dec. 1890 als zoon van Fekke Venema en Martjen Vermeulen. Jantje is geboren op 19 jan. 1891 en is een dochter van Klaas Bajema en Gepke Walstra. Het echtpaar trouwde in Koudum op 16 mei 1913. Aanvankelijk was Venema boer in het centrum van Koudum (âlde sânwei, no Nieuweweg) maar later nam het echtpaar de molen van de Ferwerda’s over. Dit bedrijf veranderde in een fouragehandel aan de Zwarteweg, op de hoek met de Snakke. Venema was actief in het jeugdwerk van de hervormde kerk en leider van de Zondagsschool. Sybren was daarnaast koetsier op de lijkkoets (foto beschikbaar gesteld door Jantsje Albada-Venema te Zeewolde).

Op aldere leeftiid hat Venema yn de Balkster krante gedichten publisearre oer it dorp fan syn jeugd. It understeande hat de namme 'Weromblik' en ferskynde op 12 febr. 1970. It giet oer de bewenners fan de Hoofdstraat omstreeks it jier 1900.

‘k Woe noch even troch de buorren
fan sa santich jier tebek.
‘t Wie doe oars noch as tsjinwurdich
‘t Wie al wat in oar bestek

Op de hoeke fan de strjitte
By de krusing Hege wei
Stie de grutte doarpsherberge
Ek de waach wie’r noch net wei

Letter is de waach ôfbrutsen
Fan in trochreed wie ferlet,
In sichtber stikje doarpshistoarje
Jammer, dêr waerd net op let.

Neist de waech lei’t skieppekampke
T’wie fan Hindrik Seldenthús.
Fierder wer’t de Boer no wennet
Wie de Carpentiers har thús.

Dan kaam van der Veer, de bakker
Earst wie’t Jan en letter Sjouke en Jouke
Bruorren folgen elkoarren op.
Folge dan mynhear de ûntfanger,
Mei de namme fan Gelok

Neist dy wenne Ynse Faber
Dy wie smid fan syn berop
En dan krigen je Popke Akke
Yn ‘e hûs noch Willemke en Jap

Dan de skuon- en sadelmakker,
Bekensma, wa hat Durk noch kend?
Yn de herberch dy’t dêrnei kaem,
Elgersma, elk wol bekend.

Oan de oare kant de stege
Wenne doe noch Idzerd Krol
En dan Okkinga die ‘t sân woun
Ut de dobbe, wist noch wol?

Wer ien hûs fierder Jacob de Jong
Hie deselde grutterssaak,
Op ‘e hoeke Willem Kûper
Letter dochter Beitske nea oer staak.

Om ‘e hoeke wenne Ype Grietsje
En dan Jouke van der Veer
Hie in fear op Harns en Boalsert
Sa’t mij foarstiet wyks ien kear.

Jabiks Baukje selde wente ,
Dreau in drankferkeaperij
Op it hoekje oan ‘e Smidswei
Romke Feenstra skuonmakkerij

Klean en lappen,bân en doeken
Kocht men bij Anne Okkinga
Yn it hûs fan no Pé Kamstra
Dêrneist Lykele van der Wal

Jeremias Heins kaam dan, de bakker
‘t hjit noch altyd Bakkersteech
Dernei IJ. de Jong de ferver
En Aeltsje Pot ‘s hûs lei sa leech.

Klaes Douwes Visser dy’t no folge
Hij hie in geregeld fear op Snits
Jakob Sjouwes wie al rêstend
In widdo wenne dêr steeds mids

No kaan Wielinga de skearbaas
Neist L. Dokkum , ‘t steatelid
Dêrnei folge Gerben kramer
Brocht it moal fuort mei de hit

Dan kaam ‘t âlde postkantoar
Douwe de Vries wie doe de hâlder
Gemeente-ûntfanger van der Meulen
Wenne doe yn’t greate hûs
Formanningsteech lei neist syn wente

Fierder wie doe dokters tûn
Yn ‘t lêste hûs dat dan noch folge
Wennen doe de Lappidoths
Letter wie ‘t nochris de Jong.

De oare kant wie fierder útboud
 ‘t Kafé stie oan de Ûnderwei
In Quarré wie dêr de baas doe
Ek de Fermoanning bistjûrde ‘r mei

Nou omheech, de earste Bandstra
In bytsje efterút wie’t boud
Hieloars as de oare wenten,
Dy stiene pal oan’e strjitte boud

Arjens Martsje, Jappe Roosjen
En van Gijzen wennen der yn
De timmerwinkel dy’t dan folge
Wie fan Doede de Jong en oars gjin ien.

De âld Fermoanning stie dêr neist doe,
Letter waard er gâns fernijd
Oer de wei tsjinoer de winkels
Stie de Vries syn buorkerij

Dêr’t no J. de Jong noch wennet
Wennen doe syn heit en mem
 ‘t Selde fak, mar doe mei ‘t beurtskip
Letter noch in motorskip.

Dan kaam âlde Rime Kramer
Dy’t gjin mins ea  kaam te sjen
En dan folge Rinder Keulen
Buorkerij wol mar gjin bern.

Auke Sibes wenne yn ’t steechje
Letter wie’t in slachterij
En dan ‘t grutte hûs fan meester,
De frou hie in huodsjemakkerij

Yn twaen dielt waard d’ oare wente
Fan de dames Hornstra,
Bakker Groenhout it stik nei ûnderen
En Pier Aukema nei boppen ta.
 
Oer de wei ek krekt om it hoekje
Stie it koperslaggershûs
Mei in winkel en in wurkpleats
En dêrnei it sniderhûs

De earste och jim witte ‘t Kemker
De twadde Sytse Fetsje neamd
Dernei de yngong nei de tsjerke
Op ‘e hoek Douwe Visser’s went

Dan de herberch, doe de Pauw neamd
Jouke de Boer wie der kastlein,
Theunis van der Zee wie bakker
Foarhinne ried er mei de wein.

Neist him wenne Pietsje Snijder
En Durk Jaarsma yn de steech
Van Dijk, de master wenne yn ’t skoalhûs
 De skoalle stie ek oan de steech.

 Fierder op wie’ t Gosse Visser
In lapkewinkel, en hij rûn mei ‘t pak
Dan in tún mei in plakje balstien
‘t Gemeentehûs is no in leechplak.

In bytsje efterút yn ‘t túntsje
Stie de went fan Sj. Quarré
En dan kaam der wer in bakker
Wie ‘net Groenhout? ‘t Mist net, né
Letter Sybolt Mensonides

Neist de bakker Piersma’s pakhûs
In eintsje fan de strjitte boud
En dan hûs fan Tjitte Piersma
Foar wol twa húshâldings boud

Oan de strjitte dan in plakje
Wêr’t soms keuring hâlden waard
Foar it stamboek , soms fan bollen
Mar ek hynders is wol bard

Dit wie dan , al is’t ek breklik
In byld fan de âlde strjitte doe,
Wat it is , ik wit it sels net,
Dochs net minder moai as no.

Mei syn âlde linebeammen
Foller , moaier noch as no
Mei syn balstien neist Gosse Oeke
En ek ûnder it waachgebou.

 

 

 

“k woe noch efkes eat opskriuwe
oer ús âlde doarpsstruktuer
út de tiid fan njoggentjin hûndert
al d’ âlden witte it noch sekuer

Earst dan neam ik Pibe en Andries
Pibe dy koe gean noch stean
moarns holp Andries him yn ’t weintsje
earder holp er him yn ‘e klean

Se wennen oan de âlde sânwei
efkes fierder noch as wij
bylâns de tún fan Germen Jaarsma
och no is’t al alles nij

Pibe holpen faak fan Andries
wrotte dêr yn ’t weintsje lâns
nei de hoeke fan ‘e strjitte
want dêr stie er trochgeans gauris

Jakle Visser fan ‘e Dammen
dy hie hast itselde brek
mar wat sterker op ‘e fuotten
it symtoan droech itselde merk

En ek oar doarpsbewenners
Wienen doe nochal bekend
Greate Fokke, lange Sijtse
Ek lytse Sijtse  haw ’k noch kend

Dan wiene der mear lytse minsken
Nolke Wouda, Rinke Krús
se stiene ek hiel faak bij Pibe
oan de Hege Wei op it krús

Dêr’t doe Rinze Feenstra wenne
letter wie it Sibbele Sierd
‘k bedoel de hoeke fan ‘e strjitte
dêr’t de hege herberch stiet

Fierder wiene der doarpsfigueren
dy’t men maklik net ferjit
‘k neam bij foarbyld beide Doeden
de jiskekarre wie har besit

Altyd trou de jiske ophelje
de iene it hânsel de oare it tou
sa om beurten lûke as skowe
och se wienen elkoar trou

En dan wie dêr Foppe Bosma
hij kocht âlde hinnen op
soms ek kninen as in skiepke
faak ek bij in boer yn ’t hof

Neist figueren dy’t wij neamden
wienen der ek in oar nivo
Gjerryt van der Heide en Sipke Bakker
slachten faak tegearre in ko

Fierders,  ek presiis as no
hie men amtners  en ek faklju
boeren en har feste help
de lêsten hast ferdwûn sa ’k leauwe

Want de tiden bin feroare
de masine kaam oan bod
och dêr moast al wat ferdwine
Mar wat net ferdwynt is God

In deade God, hoe kin men ‘t tinke
Hij de boarne fan it ljocht
en generator fan it libben
hoe hie men it sa dwaas betocht.

Ek it boppesteande gedicht komt út de Balkster. Da datum is 25 sept. 1971. De Âlde Sânwei is de hjoeddeiske Nieuweweg. Foar de Hoogstraat brûkte hy de namme Hege Wei. Is dat in betinksel fan Venema as wie dit in yn de folksmûle besteande namme? 

Klaas Roelofs Bajema (1830-1911) en Gepke Gerlofs Walstra (1859-1935), de ouders van Jantje Bajema (foto ontvangen van Martje Stellingwerff-Venema).