Lieuwe Gerben Krol en Eeuw Schilstra

  Hirby de troufoto út 1937 fan ús heit en mem Lieuwe Gerben Krol (berne 1910) en Eeuw Schilstra (berne 1911), skriuwt Bauke Krol yn 2012. Lieuwe Gerben wie berne yn Koudum en wie in soan fan Gerrit Krol en Idtskje Dokkum. Pake en beppe Krol hienen in winkel yn de Haadstrjitte (letter oernaam troch Klaas Hoekstra en heit syn suster Akke Krol). Eeuw Schilstra wie dochter fan Bauke Schilstra en Grietje Baaijema. Pake en beppe Schilstra wienen boer en boerinne op in pleats yn Warns. Us heit waard yn 1930 ûnderwizer oan de Kristlike legere skoalle yn Koudum en letter learaar oan de MULO dêr. Heit wie aardich sportyf, hy kuorballe by “Kwiek” en hy fuotballe by “Unitas” (letter Oeverzwaluwen). Boppedat song heit by it mingd koar “Advendo”. By in fuotbalwedstryd bruts hy in skonk en dit hie ta gefolch dat hy it ûnderdiel “sjongen” fan syn muzyk-eksamen foar de ûnderwizersakte, lizzend sjonge moast yn it sikehûs. Heit song : “ Op de grote stille heide “ . . . . .

Yn Koudum wennen heit en mem doe yn it hûs dêr’t no omke Jappie Schilstra (broer fan ús mem) en tante Lol Bouwstra wenje, Bovenweg 37.

Lieuwe Gerben Krol wie in betûft aaisiker en mocht graach fiskje. Yn 1945 binne wy ferhuze nei Haren, heit waard dêr learaar oan de MULO. Yn 1948 kamen wy wer werom yn it heitelân. Heit waard beneamd as learaar wiskunde oan de Kristlike Kweekskoalle yn Snits.  Krapoan 25 jier joech hy les oan dizze skoalle en boppedat joech er in tal jierren les oan en wie er direkteur fan de “Handelsavondschool” yn Snits. Heit en mem krigen tegearre 8 bern: 1939 Gerrit Idzard 1940 Bauke 1942 Lolke 1944 Margriet Elizabeth  1946 Jan Jacob 1948 Idtskje Akke (Ineke) 1950 Eefje (ferstoarn yn 1952) 1955 Jacoba Anna Gerda (Coosje) ferstoarn yn 2003 Op 2 desimber 1971 kaam ús heit te ferstjerren, doe’t er op de fyts op de Grienedyk te Snits oanriden waard troch in auto. Mem ferstoar op 22 oktober 1994.

Jan Jacob Krol út Winsum stjoerde in foto fan in skilderijke makke troch Jan Bakker. Hy krige it nei it ferstjerren fan syn mem yn 1994. Jan Jacob hat hiele tankbere oantinkens oan Koudum. Yn ‘e 50er jierren wie er altyd útfanhûs by omke Klaas Hoekstra en tante Akke (fan de winkel yn de  Haadstrjitte) en waard benammen troch syn trije nichten Itte, Geke en Grytsje tige bedoarn...