Romke en Martzen de Jong-Wynia

1958, Romke en Martsje de Jong-Wynia 25 jier troud; v.l.n.r. de bêrn: Dieuwke (1935), Jelle (1937), Lieuwe (1941), Sipke (1942), Fopje (1944) en foaroan Froukje Hiltje (1945).

 

Romke Jelles de Jong, berne Koudum 1905, soan fan Jelle en Fopje de Jong-de Jong, trout Koudum 1933 Martzen Lieuwes Wynia, berne 5 sept. 1908, dochter fan Lieuwe Wynia en Dieuwke de Rooi van Goslinga. De foto links is makke by it trouwen en de oare doe't hja fyftich jier troud wiene.

   

De foto links is makke yn 1973.

Martzen mei Jelle yn de Buorren en rjochts Jelle, op it paadsje neist it hus, dat nei de Underwei rint. Hy skriuwt: "It hûs datsto op dizze foto sjochst is it noardwestelike stik fan de âlde skoalle (Vermaningsweg 27). Yn it middelste part wenne fam. Hielke Roosjen en op it sudeasten Romke Boukje de Jong, letter Uilke Brims. Nei Ale Ieke van der Veen ha Rintsje Akke van der Veen der jierren yn wenne. Harren hiem rûn fanôf it Fermaningspaad hielendal nei de Underwei. Tusken dat hiem en ús hûs wie in paadsje ek fan it Fermaningspaad nei de Underwei. Precies efter ûs hûs stie noch in wenning oan de underwei. Dêr ha Doede en Liesbeth Valk wenne."

Dit is Jelle, hy kin krekt rinne. Jelle: "Dizze foto is op de Easte nommen, sawat foar it hûs fan Durk de Vries (Ooste 13), it hûs op de eftergrûn is it begjin fan de Easte, der wennen Ype Roosjen en oan dizze kant Geert en Hitsje Hoekema. Der stie doe in heaberch efter." Rjochts rinne Djoeke en Jelle op it paadsje fan it Fermanningspaad nei de hoeke van de Beukenlaan en de Underwei. Op it ein wennen doe Hessel en Uke. It paad dat healwei it lytse paadsje krúst nei rjochts  is de reed nei Jelle Schurer.
 
 
 
Links Jelle en rjochts Djoeke en Jelle yn 1946 op'e skoalle-foto.
 

Djoeke (foto ingestuurd door Appie van Dijk) en rjochts Lieuwe drok yn't spier as boufakker. Dit is by de bou fan de fytstunnel oan de súdkant fan de Galamadammen yn 1978 (foto's ynstjûrd troch Jelle Romkes de Jong).

Romke en Martzen begunen in krudenierswinkel. Earst oan wat no de 'Vermaningsweg' hjit. It pândsje dat letter ofbrutsen is stiet op dizze foto's. It stie op it stee der't de iepenbiere skoalle 'De Welle' boud is. Hielendal rjochts op de foto fan de 'Onderweg' út omstreeks 1960 is it te sjen fan de efterkant.

Yn 1954 is de saak ferhúze fan de Vermaningsweg nei it winkelpand fan Albert Algera yn de Hoofdstraat op nû 12. Der hienen hja in SPAR-winkel. V.l.n.r.: Jelle , Romke en Martsje, Djoeke de Jong en Sietske de Vries. Yn 1965 is de winkel ferboud ta selsbetsjinning. De foto rjochts mei v.l.n.r.: Boukje Klijnstra en Fopje, Martzen, Dieuwke en foaroan Froukje de Jong, is makke by de iepening.

Ek dizze foto's bin fan de iepening yn 1965. Boukje Klijnstra, Sipke, Lieuwe, Froukje en foaroan: Fopje en Djoeke de Jong. Op de oare stean Dieuwke en Froukje. Soan Jelle wie yn 1961 as firmant yn de saak kommen en yn 1967 hawwe hy en syn frou Nanny it bedriuw oernommen.

Yn 1968 alwer in grutte feroaring. De SPAR waard in supermerk, mar earst moast der ferboud wurde. In hok op de hoeke Smidsweg Hoofdstraat waard ynrjochte ta needwinkel. Yn 1969 is de nije winkel yn gebruk nommen.

De SPAR supermerk fan de famylje De Jong oan de Hoofdstraat nû 12. Yn de gevel is mei bakstien it SPAR logo oanbrocht. Collectie gemeentearchief.

 

Dizze foto is makke nei de grutte ferbouwing fan Hoofdstraat 12 yn 1974. Jelle en Nanny en Romke en Martsje en foar: de twalling Romke Jelle en Tjitze Siebren en Lieuwe Herre. Op te oare foto stiet Yteke ek noch.