Jelle en Fopje de Jong - de Jong

Lytse Jelle is drok yn't spier

Jelle Romkes de Jong is berne op 21 juli 1867 as soan fan Romke Sipkes de Jong (1834-1919) en Susanna Gerrits Visser (1838-1919) en stoarn 7 nov. 1954. Hij wie doe 87 jier âld. Jelle de Jong skriuwt: Pake troude op 14 maaie 1896 te Koudum mei syn tsien jier jongere nicht Fopje, dochter fan Sipke Sipkes de Jong en Grietje Obes van Noggeren. Pake skaaide as ienichste fan syn broers nei syn memmekant de Vissers, in skipperslaach. Hy hat dan ek altyd bij de skipper wurke. En neist syn tjinst bij de Marine, foaral bij Klaas Visser, de beurtskipper fan Koudum mei syn beurtskipke de 'Klein Koudum'. Hij hat mei en by Klaas Visser in soad priizen woun by it hurdsilen. De 'Klein Koudum' wie ferneamd as hurdsiler en Klaas Visser wie ek in skipper dy't him net troch wyn en waar wat sizze liet; it wie altiid farre. Yn it begjin fan de 90er jieren fan de 19de ieu is 'Lytse Jelle', sa se him neamden, foar himsels begoun. Hij kocht in Snikke, lade dy fol mei potten en pannen en begûn syn eigen affearen. Yn 1896 is hij in fêste winkel begoun op de Easte 32 en dat is yn de rin fan de jierren feroare yn in krúdenierswinkel mei handel yn klompen en peteroalje.
Rjochts: Pake Jelle op de fyts mei 50 pûn moal. It wie eartiids sa dat de boeren kochten de peulfruchten en it potstromoal by 50 as 100 pûn want yn de ungetiid iet men sawat alle dagen middeis yn it lân potstro en jûns earten as beanen alles mei goed sjerp en spekvet en sûpenbrei nei .

It winkeltsje fan Jelle Fop op'e Easte. Neist it hiem wie paadsje dat nei de Boppedyk rûn. It saneamde 'Jelle Fop paadsje' (foto's ynstjûrd troch Jelle Romkes de Jong). It artikel is fan Els Runia yn Bulte Nijs.