Haanmeer 3, boerderij

Heanmar 3 is yn 1933 ôfbaand. Foar 12.000 gûne is doe in nije pleats boud troch timmerbaas Theunis de Vries, yn opdracht fan de boetiidse boer Hantsje van der Meer. De jongste soan Douwe wie mei de brân in lytse poppe. Douwe (Don) wennet no yn Oshawa Ontario Kanada. Hja wiene yn 1919 op dizze pleats kommen. Derfoar buorke der Bartele Speerstra, yn 1899 troud mei Jeltje Oppedyk. Bartele gie yn 1919 nei Ymswalde bij Tsjerkwerd te buorkjen. Harren bern Bouwe (1903) en Klaske Richtsje (1912) binne op dizze pleats berne. Nei van der Meer kaam Oege Miedema en dan syn styfsoan Hindrik de Jong troud mei Durkje Ekkers en dêrnei in Falkena. Yn 1964 kaam Jan Stokman út Hollân hjir te buorkjen, yn 1979 yn maatskip mei soan Anton (foto út Fan Fryske Groun, beskikber steld troch Willem Hengst fan it Heidenskip en de tekst is fan Jelle Romkes de Jong).