Achter de Tuinen

.Schilderij van It Paadsje Achter de Túnen door Klaas Overzee. Dit was vroeger het mooiste en meest romantische plekje van het dorp. Nu ligt er de Douwe van Epemastraat. 

Achter de Túnen

Wy hawwe thús in skilderij fan ús pakes buorkerij, mei kij en hynders om 'e doar.

Jinder sjochsto de seedyk de skoarstien fan it molkfabryk, tuskenyn der rint it spoar.

Tsjerk’ en buorren yn it grien beppe ferhelle hoe’t it wie: smûke plakjes; fiere sichten.

Galamadammen, Symkewyk, Kninebuert en Boppedyk, bou yn 'e lijte fan de hichten.

En lâns it paadsje Achter de Túnen rûn sy mei pake oan 'e earm,

hja wie fereale en wist net better, dit wie har wrâld en har bestean.

It liket moaier dan it wie, want meastentiids wie ’t libben swier, krapte yn it einbeslút.

Doarp fan sân en beantsjebou, foar bline earmoed op 'e sjou, koe nearne hinne as foarút.

Húskes âld en ûnbegeard, bin troch de slopershammer teard, opromming yn dy âlde rotsoai.

In auto en in keunstgebyt, betelle mei it bankkredyt, die bliken fan modern alloai.

En sels it paadsje Achter de Túnen feroare yn in brede tarredyk,

Dan hie beppe gjin drek mear oan de skuon, en pake seach neat yn dy romantyk.

Yn it doarp fan hjoed-de-dei, libje beantsjes noflikwei, hawwe niget oan elkoar.

Fakânsjeminsken simmerdeis meitsje elk jier wer de reis, fan timmerfeint oant grutmajoar.

Om de romte en de rêst foldocht it har hjir o sa bêst, se wol’ hjir einliks altiid bliuwe.

It doarp fynt brea yn romantyk, is net mear út op in fabryk, it waarme hert komt boppedriuwen.

Sa komt It paadsje Achter de Túnen op in dei miskien wol wer werom.

Us pake, ik hear it him noch sizzen: Ja dat wie doe in bytsje dom.

Jan de Vries, 2004. 

Een foto uit het begin van de vorige eeuw. Het wat langere gebouw was het diaconiehuis en in het huis dichterbij woonde Wabe Schaper. Beschikbaar gesteld door Jan Overzee te Son en Breugel.

Achter de Tuinen staat op het straatnaambordje van dit huis dat bewoond geweest is door Jacob en Grietje Schaper. Ingestuurd door Nieske Bonnes-Schaper uit Tolkamer, dochter van Kobus Schaper.

Douwe van Epemastraat 1968

Beide foto's zijn genomen vanuit de kerktoren. Links de oude situatie, waar in het midden het huisje van Schaper duidelijk te herkennen is en rechts de Douwe van Epemastraat. De rechterfoto genomen omstr. 1980 door Sieger Falkena.

Ansichtkaart ingestuurd door Jan Overzee te Son en Breugel.

Sneintejûn wie it hjir folle drokker...

Ansichtkaart uitgave Drukkerij en Kantoor Boekhandel Hoekstra, tel. 9 te Koudum; exemplaar uit de collectie L. Folkertsma. 

Een ansichtkaart uit 1946. Vanaf de Weste (nu Kerkhoflaan) liep het pad genaamd 'Achter de Tuinen' recht op de kerktoren aan.

De foto rechts is genomen op 24 april 1949. Ingestuurd door Siep Henstra.