Galamadammen februari 1944

Het onderstaand stuk over Galamadammen is te vinden in de produitse Friesche Courant van zaterdag 12 februari 1944. De schrijver is Reinder Brolsma (1882-1953). Wekelijks verscheen van hem een stuk in een rubriek genaamd "Bylâns de wei" onder de titel: "Alde forneamde herbergen yn it Fryske lân." De bij het stuk geplaatste foto met bijschrift 'Galamadammen yn simmerfleur', kwam uit het (kranten)archief - de Friesche Courant werd uitgegeven door o.a. de uitgever van de Leeuwarder courant.

Brolsma beschrijft na een introductie over het verleden, hoe hij met stormweer een week eerder per trein in Koudum kwam, het vervoer met een brikje naar het dorp en de wandeling naar Galamadammen, dat hij ten onrechte betittelt als 'De Daam'. Met 'wyld fladderjende broeksboksen' staat hij op de brug, het water van de Morra bruist en kolkt door de harde wind. Onbewust uiteraard van de vernietiging van de herberg ruim een jaar later, beschrijft hij het interieur. Als een van de laatste getuigen staat hij, net als Jacob van Lennep meer dan een eeuw eerder, oog in oog met de door Van Lenneps Roos van Dekema bekend geworden prijslijst: "Tarief der Gala-madammen." Hij spreekt met kastelein Jan de Bos, die er vanaf 1933 de functies van tolbaas, brugwachter en hotelier combineerde.

Deze pagina is met een andere inleiding oorspronkelijk geplaatst door Hendrik de Jong, nog in de voorloper van het huidige Album van Koudum. Herplaatst op 22 jan. 2023, JdV.

De foto bij het artikel over Galamadammen in de Friesche courant van zaterdag 12 februari 1944.

Bylâns de wei

Alde ferneamde herbergen yn it Fryske lân

Galamadammen

Galamadammen en net Gala-madammen, neffens it Hollânske grapke, dêr't de jimmer geastige hear van Lennep syn troch tûzenen Friezen mei grutte nocht lêzen "Roos van Dekama" mei útein set. Galama, in troch alles hinne Fryske namme, ferneamd yn de histoarje, hat seker wol neat mei gala út te stean. Hjirre, op dat smelle skied tusken Moarre en Fluessen, dêr moat in gebou ferize en, dat dêr steeds hwat omhear gongen is, dat wiist de Stêds- en Doarpskronyk fan Wumkes wol út, want yn it earste diel wurdt it net minder as seis kear oanhelle. Foar it earst yn 1708 as Gedeputeerde Wyckel kommitteard wurdt om mei de eigeneresse fan Galamadammen te praten oer it meitsjen fan in skou en in reglemint op'e tollen. Dêr snie dus it mes oan beide kanten, tol op'e wei en tol op it wetter.

Yn 1764 in berjucht oer it ferhieren fan de pleats oan de Galamadammen "met  tollen, overzetten, visscherijen, huizinge en herberg, condities bij oud-secretaris Galtema aldaar." Yn 1768 wurdt dêr publyk ferkocht: Galamahuis te Koudum met koetshuis, hoving etc. En yn'e simmer fan 1785 is dêr in fleurige dei op Galamadammen. "Ringrijden van knechten en meiden op paarden. Om een gouden ring en een zilveren mes". Dat is sawat it ferneamste yn dy ieu. Bewiis genoch, dat it dêr op Galamadammen altyd in fleurige, ja, mûlk wol in grutskeepske hofhâlding wie. Dêr hawwe al moai wis mear gebouwen stien.

Yn de herberch is noch in sierlike byldhoude wenteltrep oanwêzich, dy moat oerbrocht wêze ut it âlde hearehûs oan de oare kant fan de brêge, sa't my ferteld is. En noch altyd sil men yn Fryslân omdoch in waardshûs sykje, dat mear toant as ditte. Sa tocht ek ik, doe't ik ferline wike op in moarntiid fan Koudum ôf kaam. It wie in prachtdei foar dizze reis, t.w. klearebare stoarmwaar, mei allerkreftichtste wynflagen út it Noardwesten. Ik koe noait moaier foar dit doel. Mar ik makke de reis fan stasjon Koudum nei't doarp yn in hean, lyts brikje mei in wite kêde dêr foar en trije, min as mear skrutele froulju as selskip. En dy hienen mar swak moed dat dy lytse kêde de wynpûsten net ferneare koe, mar hy bleau krankyl midden op'e dyk en strûpte ek net foar de hege brêge op. Prompt midden yn't doarp setten wy wer de foet op'e grûn en dêrwei nei de Daam foardert yn'e wyn op in healoerke.

En ja man, as jo dan op'e Daam steane en dy stoarm komt oer de Moarre brûzen sadat oer eltse tonne yn it farwetter in hege kaam wyt skom hinne spat en einen wei stout en dat dy sterke wylde stream yn dat inge brêgegat de oanjeiende weagen oerelkoar hinne skolpert en polsket en op nei de Fluessen ta spielt, en jo steane dan mei beide hannen oan de hoed en mei wyld fladderjende broeksboksen. Ja, dan is de minske in neatich wêzen en de herberch in kastiel. Dan strampelt hy nei in lang set swijend en ûntsachfol skôgjen út dit trelit fan waar en wyn wei en bejout him nei de tapkeamer en komt dêr ûnder de hege swiere balken wer ta syn wee, hy sjucht om him hinne, hij stapt nei de wand en sjuch, dan hinget dêr noch presys op itselde stee as ryklik hundert jier ferlyn, it "Tarief van de Galamadammen". Al moai beslist op itselde stee, dêr't it no al langer as hundert jier hongen hat en mûlk stie de achte hear Jacob van Lennep, doe't hy troch  syn goekunde noch "Cootje" neamd waard en mei syn freon Dirk yn 1823 geandefoet Fryslân bereisge (en fierders hiel Hollân) doe ek ris op dit plak en bestudearre it "Tarief". Net ditte, want dit is opmakke de 25 maart 1836 en befettet de nammen van alle soarten minsken, boaten, skippen en weinen, dy't rinnende of farrende de Daam passearden.

Dat wie yn 1836. Mar op't stuit, dat ik dêr stie, do skode dêr just wit hoe heech in eskader Anglo-Amerikaanske fleaners mei swier dreunende motoren troch de wyld jeijende wolkekloften op nei it Easten ta. Boppe oer de Galamadammen. En op dat soart  hie dy iverich skriuwende klerk fan Ao. 1836 fansels net rekkene. Nee, dy hie him útlein op wat hy foar syn eagen bewegen seach. Bygelyks, "Iedere praam door de brug varende 2½ ct. Een schuyteturf, een last zaad, een vracht dong ensf. Mitsgaders alle reauwen, pipegalen ensf. Oan de man mei de bilwein ta, moast offerje. Ien sint". Dit mirakel hat noch duorre oant in pear jier ferlyn ta, doe hat it Ryk de tol op'e wei ôfkocht en dy op it wetter oerkocht foar de somma fan fjirtichtûzen gûne fan Douairière Spengler van Bosse, de masteresse fan alles wat op'e Daam stiet (herberche esf.), behalve de brêge. Hoe't dat no sit, oft hja dêr dochs tol hefte, wit ik net, ik bin mei dy winsânsjes net bekend. Ik woe mar te kennen jaan: hjir is wat, hiel wat feroare. Lit ús sizze gâns. En om dêr no fan op'e tekst, dan moat ik de hear J. de Bos no oankundigje, kastlein op Galamadammen, fansels, de frou ek want, mar sa wiis is elts wol, in  wettersporthotel, dat fereasket de tawijing fan beide, man en frou.

J. de Bos is hjir allinehearsker oer de brêge, de herberch, de wente en it paviljoen. In man fan kwizekwânsje dus en as sadanich ek wol bekend yn Hollânske wettersportfermiddens. In flotte sljuchte man, op't bêst fan't libben, net folle fiven en seizen en wol genegen om wat te fertellen oer de Daam en wat dêr mei anneks is. Sa bygelyks oer de Tol; dêr hawwe ek nuvere koarjedommen west, want dêr binne ek nuvere minsken. Lit dêr ris immen passearje dy't earst net bitelje wol en dan alhiel oerémis in bankje fan hûndert út 'e bûse skuort en seit: wikselje dat no mar. En lit no sa'n minske no dochs noch nuver te pal komme en mei 77 goune, allinne oan sinten swier ôfladen wer it paad nei de bedelte sykje moat, flokkend en stinnend. Sjuch, dan is dêr yndied tol betelle, mar net net alline foar it gean oer de brêge.

Ei, jawis, in man dy't hjir wennet op dit stee, dêr't safolle aksje is, to lân en te wetter, dy hat hiel wat te fertellen. Want dy badgasten, om se sa mar te neamen, út Hollân en sa wei, dy hawwe soms ek nuvere oanslaggen en fiere wûnderlike stikken op meienoar. Dit beheart ta de nijere skiednis van Galamadammen, dat is te sizzen sûnt 1933. Yn dy nijere skiednis ûnderkenne wy de liedende hân en de ûndernimmingsgeast fan de Bos, dy't hjirre yn dy tsien jier tiid in, foar de wettersport neat mear betsjuttend hotel, wer fol gasten wist te krijen, de hiele simmer lâns, ja fan ryklik Maeije oant Oktober ta. Dat hat gâns wurk en ûnkosten ferge. De boppeseal fertimmerje ta kreaze keamers en keamerkes, húsrie, bedderij oantuge, wetterlieding, elektrysk, Butagas, alles wat de gasten easkje. No kin it bisjen lije, sawol ûnder as boppe en wurdt simmerdeis alhiel troch de útfanhûzers ynnommen. Tige meienoar, ien femylje moat it wêze op'e Daam, dat is it paroal neffens de Bos. Nofliker foar de lju sels en foar de betsjinning. Gjin Gala-madammen op'e Galamadammen.

By it hotel beheart ek buorkerij. Ik ha in moai aerdich bûthús sjoen mei sa'n 10-12 kij, trije keallen en in bêste sûch en hearde ek biggen. Mar boppe al, wat stie dêr in bêste Fryske merje op stâl, in dochter fan Obscurant. Te deale wat in pop. "Dy foar it concoursweintsje, dêr helje ik simmerdeis myn folk mei fan Koudum", sei de Bos. Mar hy liet my in foto sjen, dêr sitte de frou en hy op it weintsje en dan túcht it knap genôch foar in rûntsje om 'e grutte Baan te Ljouwert. "Mei túge man!" "Net oan tiid, simmerdeis", seit de kastlein. En no moat ik it paviljoen ek noch neame. Stiet oare kant de brêge en de boaijum fan de Moarre is foar baaien tige geskikt, hurde sângrûn. Sa libbet dat hjir op Galamadammen. Winterdeis iensum, simmerdeis fol fertier. Silen is no tydlik ferbean. mar fansels boatsjefiskjen net. Gaasterlâns bosken binne tichte by. En aanst komt dêr grif wer in tiid dat it skom net mear oer de tonnen yn de Moarre hinne spat en de sinne blinkt oer in stillere moaie wrâld. En dan is hjir grif wol te wêzen. R.B. (Reinder Brolsma).