Slag bij Galamadammen, 12 september 1572

Op 12 september 1572, vier jaar na het uitbreken van de Nederlandse Opstand tegen Spanje, de Tachtigjarige Oorlog, leden de Watergeuzen bij Galamadammen een gevoelige nederlaag tegen de troepen van de luitenant-stadhouder van Friesland, de Spanjaard Caspar di Robles. 150 man kwamen om. Het gevecht stond niet op zich zelf. De Robles hield een veldtocht tegen de opstandelingen.

Van die tocht zijn kaarten bewaard gebleven, ook van het gevecht bij Galamadammen. Over de kaarten verscheen in 1998 een publicatie in twee delen, van Meindert Schroor en Charles van den Heuvel, met als titel: De Robles atlassen, vestingbouwkundige plattegronden uit de Nederlanden en een verslag van een veldtocht in Friesland in 1572. Op de uitleg in deze boeken van de slag bij Galamadammen valt in mijn ogen wel iets af te dingen en aan te vullen. Zo is niet in het verhaal betrokken dat Seerp Galama uit Koudum, eigenaar van Galamadammen, een vooraanstaande Watergeus was, net als zijn broers en zwagers overigens. Hartman Galama, broer van Seerp is in 1568 in Brussel onthoofd op gezag van de landvoogdes. Wel wordt de jurist Feyke Inthiema genoemd. Ook hij kwam uit Koudum en was de adjudant van de beruchte Geuzenleider Lumey. De betekenis van deze omstandigheden is moeilijk te verklaren, maar duidelijk is dat het niet boterde tussen Koudum en De Robles. Hij moet opgelucht zijn geweest dat hij Seerp en de zijnen uitgerekend bij Koudum in de pan heeft gehakt.

Ook de interpretatie van de kaarten van de van de slag bij Galamadammen, door Schroor en Van den Heuvel, is in mijn ogen niet juist. Disfatta di Colto staat in het Italiaans boven een van de kaarten. Nederlaag van Colto, waarmee Coldum oftewel Koudum bedoeld kan zijn. Hieronder een deel van een van die kaarten. De Geuzen houden na uit Staveren te zijn verjaagd de Dammen bezet om de tegenstander op zijn terugweg de pas af te snijden. Drie regimenten Geuzen, 1600 man in totaal en 50 ruiters, wachten de uit 1000 man bestaande troepen van De Robles op, die met schepen uit Staveren zijn gekomen en bij de Dammen aan land gaan. Op de Dammen zelf hebben met geweren bewapende Geuzen zich verschanst achter borstweringen.

De troepen van De Robles meerden hun schepen uiteraard niet af aan de oostkant van de Dammen, zoals genoemde schrijvers willen, want dan moesten ze de belegerde Dammen passeren. Nee, zij gingen aan land vanaf de Morra, aan de zuidkant van de Dammen en vielen over land de Geuzen aan, ondertussen hielden ze vanaf enkele schepen de Geuzen onder vuur. Het meertje ten noorden van de Dammen, waar de Geuzen een heenkomen zochten, dan wel werden ingejaagd, is dan ook niet Alde Karre, zoals in het genoemde boek staat, maar de Otto Poel, die toen nog niet was drooggemaakt, want dat gebeurde pas omstreeks 1645 (Jan de Vries, 'Straatnamen' in: Bulte NIjs Dorpskrant van Koudum (afl. II en X).

De kaart leert ook dat er al in 1572 een gebouw stond op Galamadammen.

Wie meer wil weten over de kaarten en de achtergrond van de veldtocht van De Robles, en het Fries beheerst, kan het onderstaande stuk van Jelle R. de Jong lezen.

Jan de Vries, april 2016.

 

Geuzen yn opstân yn 1572

De striid bij de Galamadammen en de opstelling fan de stridende troepen tusken en op de Ottepoel, Morra en Kuilart binne tekene op kaarten. Dizze kaarten binne mei tsientallen oare fan 16de ieuske ôfbyldingen fan Fryske plakken yn 1993 yn argiven yn it Saksisches Hauptstaatsarchiv yn Dresden fûn en yn 1998 presintearre ûnder de titel  De Robles Atlassen, vestingbouwkundige plattegronden en het verslag van een veldtocht yn Friesland in 1572 .  Wie en hoe en wat spile yn dy tiid ? In koarte útlis: Oernaam út boppesteande presintaasje fan D.P. de Vries de Ryksargivaris yn Fryslân en oaren. It giet dan oer it jier 1572, it jier wêryn de Wettergeuzen besochten de macht oer te nimmen. Dit mislearre en dat kaam foaral troch effektive tsjinstân dy Caspar de Robles, de luitenant-steedhâlder fan de regearing fan Filips II organisearre.

De Robles atlassen
Der binne yn koarte tiid trije manuskriptatlassen boppe wetter kaam: Yn het Sächsisches Haaptstaatarchiv yn Dresden, Yn it Harry Randsom Research Centre fan de University of Texas yn Austin en yn de Bayerische Staatsbibliothek yn München. Yn dizze samlingen is Fryslân in part fan it oare Nederlân, meast oantsjut as Flaanderen. Yn de atlas út München binne fierder noch ôfbyldingen út Itaalje en Easteuropeeske lannen.  Mei dizze fynst is yn koarte tiid it beskikbere kaart materiaal ferdûbele. Oant dan ta wiene wat de stedsplattegrûnen oanbelanget, út de jierren foar 1580 allinne die fan Jacob fan Deventer fan de Fryske Alvestêdden bekend. De atlassen jouwe net allinne foar deselde plakken hjir no mear fergelikingsmateriaal oan ta, mar ek kaarten fan oare plakken as de Galamadammen, Lemmer,Makkum, Dronryp, Berltsum, Eastmahorn en de kleasters Eanjum en Lidlum wêr’t noch gjin ôfbylding fan bekend wie.  De kaarten út Austin jouwe in soad details fan de ôfbylde gebouwen. Sa is op de plattegrûn fan Ljouwert û.o. de kleastergong bij de grutte tsjerke te sjen, it bestean derfan wie oant op heden allinne bekend út archeologysk ûndersyk. Op de plattegrûn fan Starum is it plak fan it yn 1397 boude kastiel fan Albrecht fan Beieren oanjûn. Opmerklik is dat de measte plakken yn beide atlassen mei gruttere as lytsere ferskillen ôfbylde binne. De details op de kaarten binne net altyd betrouber. Soms hat de tekener de saken op syn eigen gefoel yntekene. Dúdlik wurd dit bij de kaart fan Starum út de atlas út Austin. Op dizze kaart binne alle huzen útsein de wichtichste gebouwen allegearre itselde yntekene. Alle trije atlassen bestean út twa soarten kaarten. De measte binne fêsting boukundige plattegrûnen út de jierren 1568-1579. Bij dizze soarte binne net allinne kaarten fan de Noardelike Nederlannen, mar ek kaarten fan Súd-Nederlânske fêstingen. De oanwêzichheid fan die kaarten kin mooglik ferklearre wurde út de relaasjes die De Robles mei dy gebieden hie. Troch syn houlik krige er net allinne besittingen yn Eartlies, ek syn tittel , Heer fan Billy, in plak yn dat gewest, krige er sa. De oare soarte fan kaarten binne nijskaarten dy, as in stripferhaal, in tige goed byld jouwe fan de striid dy’t Casper de Robles mei syn troepen fierde tsjin de geuzen. Op ien fan de kaarten sjogge we him sels as hynsterider tekene. Men wol ha dat er dizze kaarten meitsje litten hat om him letter bij it Habsburgse gesach ferantwurdzje te kinnen.

Caspar de Robles
Yn Fryslân bekend as de stiennen man, hat in grut plak yn de Fryske skiednis krige. It stânbyld fan him op de seedyk bij Harns fertelt ús fan syn krêftich yngripen mei it opmeitsjen fan de seediken nei de “Allerheiligenvloed” yn 1570. Dit optreden hat yn it gefal fan it dykjen in grutte wurdearring krige. Krêftdiedichens wie ek it skaaimerk fan Casper de Robles bij it bestriden fan de Opstân.

Yn de jierren fan syn bewâld waard it programma fan de “Contra- Reformatie” útfierd. En in mannichte oanhingers fan de nije religy moast flechte, in grut part derfan nei Emden. Ek op bestjoerlik mêd wist hij de balâns tusken de lânhear en de steaten as fertsjintwurdigers fan de gewesten yn it foardiel fan de kening troch te setten. De Steaten dy oan dan ta mei wikseljend sukses de gewestlike selsstannigens ferdigenen omdat hja betingsten stelle koene bij it tastean fan belêstingen ferlearen ûnder syn bewâld hieltyd mear foech. Fan dizze kant fan De Robles is folle minder bekend. De Fryske Alva? Wylst Alva de skiednis yngiet as de grutte ûnderdrukker komt syn trouwe maat yn it noarden fan de lege lannen der aardich skjin foarwei.

Caspar de Robles waard yn 1527 berne yn Portugal. Syn mem wie de minne fan Filips II en derom groeide Caspar as minnebroer op oan it hof fan Karel V yn Madrid. Hij makke in karriêre as soldaat en bestjoerder.Yn 1568 kaam hij as kolonel yn it gefolch fan Alva nei de Noardlike gewesten en liet yn Grins in sitadel bouwe dy’t bedoeld wie om krekt as de mei de Fryske blokhuzen de stêd mei in garnizoen yn betwang te hâlden. Ek Fryslân soe mei dizze hurde bestjoerder te meitsjen krije want mei de Alderheljenfloed yn 1570 wêrby 300 Friezen it libben lieten, wie der, sa as wenst yn Fryslân, tsierderij oer wa it dykjen betelje moast. Mar de Robles twong de Friezen earst te dykjen en it skeel oer de ferdieling fan de kosten dêrnei mar troch te setten. Hij krige derfoar in soad wurdearring en yn 1576 waard in monumint “De stiennen Man” foar him oprjochte op de seedyk bij Harns.

Yn 1572 waard De Robles beneamd as Luitenant-steedhâlder yn de noardlike gewesten en de heechste fertsjintwurdiger fan de kening fan Hispanje en ein 1573 waard er beneamd ta steedhâlder yn Fryslân en Grins. Hij bestriid de rôftochten dy’t de wettergeuzen yn Fryslân en Grins ûndernamen troch in soarte fan kustwacht te organisearjen. Doe de geuzen yn 1572 nei it ynnimmen fan Den Briel sawat it hiele gewest Hollân yn hannen krige, soarge hij krekt op tiid foar legering fan betroubere Waalske (hiersoldaten) soldaten yn de wichtichste militêre steunpunten fan it gewest, de blokhuzen fan Ljouwert, Harns en Starum. Letter waarden ek noch inkelde kleasters fersterke.

De Geuzen
Sûnt 1568 wiene tûzenen sympatisanten fan de Nije Leare en fan de opstân út Nederlân flechten, harren besittingen waarden yn beslach nommen. Mei de namme geuzen waarden dyjinge oantsjutten dy’t de regearing mei geweld bestrieden. Hja fochten meast op see sadwaande de namme wettergeuzen. Hja berôven hannel- en fiskersskippen en diene geregeldwei ynfallen op it lân, tsjerken en kleasters wiene faaks it doel . Hja hiene yn it East-Fryske havenplak Emden har thúshaven mar ek wol yn Ingelske havens .Yn de eagen fan de regearing wiene de wettergeuzen gewoane seerôvers mar harren eigen oertsjûging wie dat harren optreden dutsen waard troch de wet om ’t hja kaperbrieven fan de prins, Willem van Oranje, hiene. Dermei waarden se troch him, as foarst fan Oranje, machtige om de fijân safolle mooglik skea oan te dwaan. De prins hie dan it rjocht op in tsiende part fan de bút.

Wettergeus Lumey by Den Briel

Makette fan it Blokhús fan Staveren

De lieding fan Willem van Oranje oan de float wie swak. Yn de praktyk wurken se op eigen man en boet en dienen harren eigen dingen.  Admiraal Willem van der Marck, heer van Lumey en syn Koudumer adjudant Feye fan Inthiema hiene noch de measte ynfloed.  Ek yn de súdwesthoeke kamen de geuzen wol oan lân. Op 17-maaie 1570 plonderen hja de tsjerke en de bewenners fan Hylpen, 26- nov. 1570 plondering fan Warkum en jannewaris 1572 in ynfal bij Makkum. Filips II skriuwt in brief oan de steaten fan Fryslân wêryn hij der op oanstiet dat hja maatregels nimme tsjin dizze rebellen en de ynwenners ferbiede de geuzen te helpen.

De ynfallen waarden nei de ynname fan Den Briel oars fan karakter, men besocht no de plakken fest yn hannen te krijen en te hâlden foar de prins. Inkhuzen kaam op 10 juny yn hannen fan de prins en wie in goede útfalsbasis foar in oanfal op Fryslân. Mar ek út it suden wei waarden oanfallen dien. Ein Juny waard besocht de Kúnder en Bloksyl in te nimmen. Dat mislearre om’t dêr tidich Waalske soldaten wiene. Doe giene de geuzen op troch Gaasterlân nei Sleat, dizze stêd waard ynnommen en in ferdigening organisearre mar begjin July waarden hja hjir ek ferdreaun troch de soldaten út de Kúnder. Dernei folge in nije ynfal bij Bloksyl. De troepen fan De Robles koene dizze kear net foarkomme dat it kastiel fan Vollenhove ferovere waard. Ek oare plakken as Kampen, Stienwyk en Genemuiden waarden troch de geuzen ferovere.

De prins beneamde Joost van Schouwenburg (syn offisjele namme wie: Jobst II graaf van Holstein-Schaumburg) as lieder fan de geuzen yn Fryslân. Hij fêstige it foarearst bestjoer yn Frjentsjer. Begjin Augustus fûn De Robles de situaasje sa bedriigjend dan hij him werom luts op de blokhuzen yn Starum, Harns en Ljouwert. It wie no foar de geuzen lichter de oare plakken te besetten, mar swierder om het hiele gewest yn hannen te krijen want de Blokhuzen wiene allinne nei in lange belegering yn hannen te krijen. Op 14 Augustus besetten de geuzen wêr de Kúnder, Eastmahorn en Dokkum. Undertusken die De Robles alle war om in garnizoen yn Snits te krijen, mar it stedsbestjoer wegere harren ta te litten dêrtsjinoer lieten hja op de achtsjende in groep geuzen deryn. Op 24 Augustus besochten de geuzen om Starum te feroverjen dat slagge foar de stêd mar net wat oanbelanget it blokhûs. Ek it besykjen Sleat wer yn hannen te krijen mislearre. In pear dagen letter lieten de stedsbestjoeren fan Boalsert en Frjentsjer in ienheid geuzen binnen. De geuzen hiene no trije wichtige stêden yn hannen en dat wie it hichte punt fan de ynfal.

De Robles besocht yn Dokkum in betrouber garnizoen te legerjen. Die waarden oanfallen troch in Geuzelegerke holpen troch de befolking mar die koene de stêd mar in pear dagen hâlde want Dokkum hie doetiids gjin fêstingwurken. Doe de Waalske troepen út Grins en Ljouwert de tsjinoanfal ynsetten, moasten de geuzen de stêd priisjaan en doe folge in plondering fan de stêd wêrby goed 400 minsken it libben ferlearen. Op 10 Septimber wêr in oerwinning foar De Robles: Starum waard nettsjinsteande in oermacht fan 1200 geuzen opnij ferovere en it Blokhús ûntset. Inkele dagen dernei waarden de geuzen yn de slach bij de Galamadammen ferslein en dêrby rakken 150 geuzen dea. Dit wie in swiere slach foar de geuzen. De wiken derop waard Frjentsjer troch De Robles belegere mar dat slagge direkt net, wol waarden de geuzen Dronryp útjage. It wie de lieder fan de geuzen wol klear dat it tij begie te kearen. Op 18 novimber gie Joost van Schouwenburg fan Frjentsjer nei Makkum mar moast ek dat plak op de 22ste opjaan en tagelyk ferlieten de geuzen Boalsert en Snits. Sa hie De Robles feitlik hiel Fryslân wêr yn hannen. Wat oerbleau wie wat efterhoede fjochterij. De measte geuzen wennen wêr as ballingen bûten de provinsje. Earst yn 1580 kaam de folsleine omkear. Mar doe hie De Robles al plak makke foar Rennenberg.