Koudum leit sa wolgelegen, in spotliet

 

Koudum leit sa wolgelegen
Amper op rots [Gods?] futtenein
Koudum mei syn wandelwegen
De breewei ja dy is fijn
Koudum mei syn fruchtbre túnen
Mar ek boulân droech en soar
Koudum wenje gjin skarlúnen (skelmen)
Wêr dan al dy fjildwacht foar (2x)

Koudum lei sa moai yn’t beamte
De deade Beukenlaan en sa
Koudum trekt seit yn de frjemdte
De lêsten út ja de segaar
Koudum mei syn folle ferieningen
De measten mei in lege kas
Koudum docht oan folle dingen
Ek al komt it nea fan pas (2x)

Koudum hat syn grutte sintrale
Dy hjar ûnder it swartsel set
En syn brede strutten gale
Dy sa’n sinten koste hat
Koudumer feesten binne reusachtig
Hawwe ús doarp sa’n skuld beret
Blommefeesten slagje prachtig
Win’j in priis dan krijst em net (2x)

Koudum hat ek rintenieren
Ek wol sûnder sinten no
Koudum hat gjin hege hieren
Kom ris by de woaningbou
Koudum is in doarp út tûzend
Krekt oarsom seit faak in oar
Koudum mei syn warenhûzen
En syn asbelt neist de doar (2x)

It Liet is oerlevere troch in lûdopname, om 1970 hinne makke by de bejaardensoos, digitaal makke en beskikber stelt troch Romke Kroondijk. De sjonger is Siemen van der Veer. De tekst is net oeral like goed te ferstean, wat binne krekt de wurden fan de twadde rigel fan kûplet 1 en de fierde rigel fan it twadde kûplet?
It ferske moat makke wêze om 1920 hinne, sjoent de ferwizing nei de deade beammen fan de Beukenlaan yn kûplet 2. Oant 1922 hie it doarp noch in eigen elektrisiteit sintrale, dy't blykber in soad swartsel de loft yn jage, kûplet 3. Mei 'warenhûzen', kûplet 4, wurde grientekassen bedoeld.

Hat immen de tekst op papier as oare ynormaasje oer dit liet? Dan komt Histoarysk Koudum graach yn kontakt.

Bijlagen
Koudumiswelgelegen 1970.mp3 [1.73Mb]