It Koudumer Doarpsliet

(wize fan: "It Heitelân" fan J. Lindeman)

 

Tusken mar en poel bisletten, Yn 't âlde Fryske lân,

Dêrre leit it lytse doarpke Dat ús bynt mei fêste bân.

Dêr't de hege toer syn wêzen Blike lit sa fier yn't rûn,

Dêrre leit it plakje Koudum)

Us sa leave bertegrûn:       ) twaris

 

Hwat ús bynt oan't âlde doarpke ? Is yn't earst it âldershûs.

Heit en Mem en d'âlde wente, Leed - ek wille by de rûs.

Dan dy feinte-fammejierren Forjitte kinne wy se nea.

Om dàt alles, Koudum, bist'ús  )

It leafste doarpke fan it gea ! ) twaris

 

Smûke plakjes: âlde Singel, Binnedyk en Dammensewei,

Dêr't it jongfolk him fermakke, Koudum, wier, dou bliuwst' ús nei.

Dan dy moaije fiere sichten, Nei Hylpen, Wâlde en Ymedaam,

Fan'e Dammen oer de marren. )

Koudum doarp, wy leavje dij !  )   twaris

 

De Jouwer 1970, Sietse Gerts van der Heide

 

Harkje nei de útfiering fan It Doarpsliet troch The Goldstars; Johannes van Dijk en Peter van der Molen.