Pieter de Vries

Pieter de Vries, Galamadammen by Koudum, 5 juny 1932, Drachten 16 des. 2003. Syn heit en mem, Jan Jacobs de Vries en Wytske Pieters Wesselius, buorken foar de oarloch op'e Dammen, op de pleats tsjinoer it restaurant, oan de oare kant fan de dyk. Yn de oarloch, om 1943 hinne, kaam de húshâlding op in lyts pleatske yn de hjoeddeiske Jacob Binckesstraat. Net lang dernei op Molebuert, op it spultsje fan Jabiks Jeltsje, syn pake en beppe. Hy wie de twadde fan sân bern, allegearre jonges, útsein de jongste. Tjeerd, de jongste broer, is as jonge ferûngelokke mei hynder en wein. Pieter mocht trochleare fan syn heit, mar allinne op de lânbouskoalle. Hy krige letter in betrekking by de lânboufoarljochting en troude mei Gé van der Wij. Sy wennen yn Drachten en krigen trije jonges, dy't alletrije oan de keunstakademy Minerva in Grins studearre hawwe. Simmerdeis, yn de fakansje en yn de wike-einen, wie it gesin in soad op de Kuilart te finen, yn de steancaravan.  

Thús siet Pieter, dy't him letter koartwei Pyt neamde, alle frije oeren te tekenjen as te skriuwen. Hy skreau Frysktalige toanielstikken, kluchten, en ek wol revues en regissearre dy faak sels, by selskippen út Drachten, Aldegea (Sm) as Koatstertille. Yn Koudum, yn de Klink, hat er mei syn bruorren, suster, skoansusters en guon omkesizzers as spilers, mei grut sukses û.o. de kluchten Serenade foar Beits en de Túsfleanders útfierd, dit wiene twa fan syn toppers.  

Hy tekene en skildere, sawol akwarel as akryl, mar syn etsen binne it bekindst. Altiid warber en dwaende mei it ien as oar, hat er hunderten makke. It underwerp wie meastentiids in gebou as in lanskip, hy hold fan it Fryske lânskip. It tekenjen fan minskefigueren besocht er te mijen, want dat gie him minder goed ôf. Thús op syn eigen pers, koe er de etsen drukke, der hat er dan ek in soad fan makke. Hy frege in minimale fergoeding foar syn wurk, as hy joech it wei, want hy fûn dat it tagonkelik wêze moast, leechdrempelich. “Ik hoech der net fan te libjen”, sei er dan. “As ik ien bliid meitsje kin mei in ets as in skilderij, dan bin ik bliid  mei.” Mei syn etsen stie er yn de fakânsjes ek wol op simmermerken, dan wie er tegearre mei Gé op paed.  

Bonne Stienstra (Leeuwarder courant, 5 maart 2010). 

 Pieter de Vries (foto: Tresoar, Friese Literatuur Collecties).VisitekaartjeVisitekaartje, ontvangen van Els Runia.     
Ets troch Pieter Jans de Vries mei de titel "Oan'e Morra". Hjirop binne it fiskershúske en de fisktsjotter fan Everen de Vries út Warns te sjen (ynsjoerd troch Jappie Hornstra). 


"Giele brêge" is de titel fan dizze pintekening, makke foar in kalinder. It is de brêge dy't no Kramersbrêge neamt wurdt (ynstjoerd troch Maaike Abma út Italië).    

"Snakke Koudum". Ynstjoerd troch Anne Jan Schaper. 

Pentekening eind jaren zeventig. Achterkant van twee huizen aan de Ooste. Het huis links (nr. 30) werd toen bewoond door Jappie en Tjitske Hornstra, In het huis daarnaast (nr. 36) woonden Otte en Jeltje Bajema.(Otte sr.) Otte was palingvisser, maar had er altijd tuinderij bij. Het rechtse huis is waar Gerlof en Sijke Venema woonden aan de andere kant van de weg. De nrs. 30 en 36 naast elkaar is onlogisch, maar volgens instuurder Jappie Hornstra was dat zo.

Een ets van het vissershuisje bij de Zijl gezien vanaf de Sylsbrêge. Ingestuurd door Jappie Hornstra.
Op de Snakke, recht tegenover de Zwarteweg, stond dit huisje waar Eelke en Martje Stellingwerff woonden. Ook de ouders van Eelke hebben hier gewoond.  Toen de Zwarteweg doorgetrokken werd moest dit huis wijken. Ets door Pieter de Vries uit 1977, tijdens de reünie Oud Koudumers 2004 meegenomen door C. Groenhof uit Rotterdam.

Mear wurk fan Pieter de Vries: it skilderij Easte mei De Klimmer.