Bakkerij Van der Molen

Yn 1969 kaam de bakkerij fan Keuning, earder de Centrale Bakkerij (Hoofdstraat 11) yn hannen fan Hendrik van der Molen, dy't oant dan in bakkerij hie yn Ferwerd. Hendrik is yn Koudum berne en hat yn syn jonge jierren noch by Mensonides yn de Centrale Bakkerij wurke. En syn soan Wouter, ek berne yn Koudum, woe graach bakker wurde. Dat it wie in hiele stap fan Ferwerd nei de Súdwesthoeke, mar ek wer minder grut as it liket.

Hendrik van der Molen 2

De bakkerswinkel yn 1969 en rjochts Hendrik van der Molen (1921-1985).

Wouter en Joke van der Molen hawwe yn 1980 de de saak oernommen en fuortsetten oantemei 2010. Omdat sy net in opfolger hienen is de saak doe ferkocht. Wouter hat yn 2018 in moai boek makke oer harren libben en dat fan syn heit en mem. Foar de publikaasje fan it boek op dizze side, hat hy in foarwurd skreaun:

Dit boek giet oer in famylje skiednis. Hoe kaam in bakkershûshalding  yn in bakkerij yn Koudum telâne? Dit boek is gearstald, mei de gedachte, dat it sa’n bisûndere tiid wie dy’t wy as famylje yn de bakkerij belibbe hawwe. Dat moast op skreaun wurde, al wie it allinnich al foar ús as famylje. Mar it giet der ek om dat it foar eltsenien dy’t it lêze wol, in dokumint is út in tiid wêr’t mei belangstelling nei werom sjoen wurd.
It measte wat te boek stiet, komt út myn herinneringen. Fan ôf 1980, it jier dat wy it bedriuw fan myn âlden Hendrik en Hiltje oernaam hiene, komt in protte út de deiboeken fan myn frou Joke.
Yn 2010 doe we de bakkerij ferkocht hiene en we yn in ‘stil’ hús kamen te wenjen, bin ik efter de computer krûpt en alle deiboeken op de tafel. Doe’t yn 2018 it boek klear wie, ha we in 15-tal boeken drukke litten foar famylje en bekenden. 
We hoopje dat it foar jo as lêzer in aardich dokumint is om ris yn om te blêdzjen en dan der by nei te tinken dat in eigen bedriuw net samar wat is.

Koudum, 4 febrewaris 2026

Wouter en Joke van der Molen 

In PDF fan dat boek kin mei de keppeling ûnder oan dizze side iepene wurde.