Dominee Willem Sienot

Ds. W.H.G. (Willem) Sienot (15 sept. 1949 - 28 nov. 1995). Gereformeerd predikant te Koudum van 1975 tot 1980. Zijn volgende gemeente was Vianen (1980-1988) daarna Zwolle (1988-1995) zijn laatste gemeente. Enkele weken voor zijn dood nam hij een beroep van de gemeente Voorburg aan.

Jelle de Jong skriuwt: Yn jannewaris 1975, trije moanne nei 't kandidaat Sienot op de tasizing fan berop fan de Griffermearde tsjerke yngien is, ferhúzet de oankommende dominy mei de hûshâlding fan Kampen nei Koudum. Op 7 febrewaris studearret er ôf yn Kampen en stelt er him beropber. Fuortdaliks wurdt er dan yn Koudum beroppen en nimt it oan. Nei it klassikaaal eksamen te Warkum op 26 febr. 1975 makket er op 2 maart as gast in tsjerkeriegearsit mei. De sneins dêrop wurdt drs. Sienot troch professor Plomp yn it amt befêstige en doch er syn yntree yn syn earste gemeente Koudum.