KMV-reisjes

De KMV, de Koudumer Middenstandsvereniging, makke ien kear per jier in reiske, op in woansdeitemiddei yn juny. Dizze foto is grif nommen by ien fan dy reiskes. Jim sjogge f.l.n.r. Henk de Vries (Radio de Vries), Andries Hoekema (A&O winkelman), Jacob W. de Jong (KEB) en Harm Hofman (brijkarre fan de súvelfabryk).

Is dizze foto ek by in KMV-reiske makke? It binne Gerhard Koopmans (l), fan de Voorschotbank en Rimmer Osinga fan 'Het Wapen van Friesland'. Alle foto's komme ut de kolleksje fan fam. Henk de Vries (Radio de Vries).

Dit bin foto's fan it KMV reiske yn 1974. In soad middenstanders wienen ek muzikant. Skilder Otte de Jager op de baritonsax, túnker Piet Hobma op de es-bas en postkantoarhâlder Lykle Griek op de akkordeon. Oan de oare kant sitte túnker Sjirk Hobma, winkelman Jelle de Jong, studint Gerrit Bloem, bakker Klaas de Vries en achter de bril túnker Wieger Hobma.

Yn 1975 wie it heechsimmer doe't de KMV op paad gie. Rjochts sitte Siebren Haitses de Jong en Rimmer Osinga.

Andries Hoekema en Cobie Pries - de Boer, by it reiske fan 1976.