Buorkje by de Abma's oan de Boppedyk

Ietsje Kampen makke dizze foto, achteroan stiet har man Lieuwe. F.l.n.r: Ruurd Abma, Lieuwe Kampen, Carel van Asperen en Geart Hoekema. Lieuwe hat sels ek ien makke dy stiet hjirûnder.

F.l.n.r: Ruurd, Afke, Pietsje en Ietsje Abma, allegear frijgesel en der efter: Geert Hoekema, Ietsje Kampen-de Jong en Carel van Asperen. Broer en susters Abma wennen Bovenweg 41 en wienen dus buorlju fan Lieuwe en Ietsje Kampen. Geert en Carel gienen sneintemoarns nei de kofje altyd nei Ruurd te bûthúsjen en dan kaam Lieuwe ek efkes om wat nijtsje te hearen as te fertellen. Ietsje naam doe in kear it fototastel mei en hat it sa foar Koudum ferivige. It sil begjin begjin santiger jierren west hawwe.