Allegear in nije hoed

Krekt as de Daltons stean de mannen op in rige. Kreas yn it pak en mei allegear in nije hoed liket it wol. It binne f.l.n.r: Romke Jelles de Jong, Jelle Sipkes de Jong, Tseard Sipkes de Jong, Jan Walsma en Lammert Eelkes de Jong. De foto sil makke wêze tusken 1930 en 1940. Oer de gelegenheid is neat bekend, mar grif wie it in famyljebarren fan de De Jongen (ut de neilittenskip fan Romke en Martzen de Jong).