Otte en Didde Veninga-Smit

 

Boerenzoon Otte Veninga en Didde (Dirkjen) Smit trouwden Hindeloopen 3 mei 1928. Voor het huwelijk was Didde 'skoaljuffer'. Otte is een zoon van Jan Arjens Veninga en Wytske Keizer, Didde een dochter van Jolling Smit en Bauk de Boer. Hun kinderen: Jan, Bauk, Wytske (Wies) en Jolling (Joop). De laatste schreef: Wij hebben een fijne jeugd gehad in Koudum, en het heeft daarom ook een warme plaats in mijn hart.

Jelle de Jong: Otte en Didde kochten it perseel Hoofdstraat 60 (doe B74), wêr’t neffens Sybren Venema de winkel en foeraazjehannel fan Gerben Kramer siet. Op dat plak bouden hja in nij pân om de affearen fan Kramer fuort te setten. Behalven in winkel (Enkabé) en de fouragehandel kaam der ek in dekstation foar hynders, mei yn elts gefal altyd in Fryske hynst. Jammergenôch bin der gjin foto's fan de Beverfokkerij dy't Veninga yn de jierren 1950 begûn, foar de bontfellen. De bevers, eins beverrotten, sieten yn in betonnen hok mei dik gaas en de helte fan it ferbliuw wie in wetterbak. Ek Sjoerd Heins fan Efter de Túnen hie sa’n fokkerij, mar it wie gjin sukses want gjin as te min fraach nei de feltsjes. De foto links datearret út 1954 de oare is fan 1951.

Reclame voor het dekstation van Veninga; links uit de Leeuwarder courant van 22 febr. 1941, rechts afkomstig uit de collectie Koopmans bij Tresoar.

Afbeelding uit een blad genaamd Katholieke Illustratie.

 

Otte Veninga wie in bekende yn de wrâld fan de Fryske Hynders. Hij koe goed menne en ried mei de merries Beitske, Lysbert en Leentje fan boer Gerrit Tjittes Folkertsma fan de Boppebuorren. En ek wol mei Walsdame fan Freerk Draaier te Molkwar. Dizze foto is nommen yn 1951, op in konkoers yn it Hearrenfean. Neist Veninga sit Tjitske Folkertsma-Bouwstra, de frou fan de eigener. De hynders binne Lysbert en Leentje. Sa te sjen is der in priis wûn.

Ek dizze foto, mei njonken Otte syn dochter Wies, is nommen yn 1951 yn It Hearrenfean. Op de oare sitte Otte en Didde op de sjees, dit wie omstreeks 1954.

Deze foto staat in de Leeuwarder courant van 8 aug. 1963. Niemand minder dan wereldkampioen kunstrijden Sjoukje Dijkstra was te gast op concours hippique te Buitenpost en kampioen enkelspan Fries ras werd daar de merrie Lysbert van Gerrit Folkertsma, gereden door Otte Veninga. Sjoukje zit naast Otte op de sjees in afwachting van de ereronde. De vele krantenberichten over de prestaties van Veninga maken duidelijk dat hij een succesvolle 'hynsteman' was. 

Door de klikken op de koppeling hieronder opent zich een pagina uit de Friese Koerier van 31 dec 1960, over de successen van paarden van 'alde' Gerrit Folkertsma met hun berijder Otte Veninga.