Jouke en Elisabeth Visser-de Boer

Helaas is er nog geen foto van Jouke Sybrand (1910-1989) en Elisabeth (Lieb) Harmens Visser - de Boer. Hun ouders zijn resp. Abe en Tryntsje Visser en Harmen en Woltje de Boer.

Jouke Lieb woonden aan de Onderweg. Hun kinderen zijn Abe (Appie), Waltsje (Wally), Trijnie en Lieuwe Harmen, over wie het verhaal hieronder gaat.

Lieuwe Harmen Visser, Koudum 27 july 1940-Oudeschild 8 des. 2008. Lieuwe is berne yn it twadde húske oan de Onderweg, as fjirde bern en twadde soan fan Jouke Abes Visser en Elizabeth (Lieb) Harmens Visser-de Boer. It wie in race tsjin de klok want ek Jappe Roosjen wie kommende wei. Lieb siet noch yn it bernjen doe't Hylke Roosjen oan de doar kaam om dokter Van den Water. Dy sei: 'nog even geduld, eerst moet ik hier klaar zijn.'

Lieuwe is neamd nei omke Lieuwe de Boer dy't yn de oarlog omkommen is op de Afsluitdijk. Hy wie der as burger bussjauffeur om Nederlanske soldaten oer de dyk te bringen nei de festing Holland. De namme Harmen komt fan pake Harmen de Boer.

Lieuwe wie in wat gesette jonge mei in wat heaze stim en tige undogens. Op de legere skoalle gie it soms need mei de jonges en master. Ja, hy wie sels op in kear oan it fjochtsjen mei master. Dat Lieuwe waard van de Christelijke skoalle stjoerd en gie doe nei de iepenbiere skoalle. It haad fan dy skoalle naam Lieuwe fan tefoaren mei nei bûten en sei: 'do kinst kieze dy terdeugd oanstelle as in pak op hûd. No dat lêst like Lieuwe net goed ta want master hie wol wat yn de bouten, dat it gie mirakels op dizze skoalle. Lieuwe is fan skoalle ôf as feint by syn heit oan board kommen, op de Rynfeart, mar dat wie gjin dwaan want hja koenen net mei-elkoar oerwei. Dat Lieuwe is wer fan board gien en hat in skoftke op in sleper fan Smit wurke en op de binnefeart bij Arens en letter Sipke Kooi. Hij wie oeral mar koart want hy hie in grutte bek, mar hij liet de hannen wol wapperje, want pakte alles oan dêr't in pear sinten te fertsjinjen wienen. Sa kaam er op Texel yn de fiskerij. Doe krige er ferkearing mei in Texelse faam Maartje Eenhoorn, in dochter fan in kollega fiskersfeint. Lieuwe hat ek mei in sleepboat fearn en op it Iselmar wurke en doe kocht er de 'Dageraad' in rûnfeartboat dêrt hy en Maartje mei gasten/toeristen oer it waad farden, nei de oare eilannen. Der wie in bar oan board. Der rêde Maartje har mei. En op de weromreis stie sy oan it roer en wie Lieuwe oan it fiskbakken foar de gasten. 

Doe hierde Lieuwe yn 1989 in sleepboat fan Damen Marine Services B.V. Dit skip, bout yn 1883, doopte hy ta Elizabeth en die er sleepwurk foar wa't mar ferlet fan in sleper hie. Dit skip kocht der letter en dernei kocht der wer in gruttere en wat jierren werom lieten hja in nij skip bouwe bij Damen. Lieuwe en Maartje krigen trije jonges (Erik, Erwin en Torvald), dy't allegear skipper (kaptein) wurden binne op'e sleepfeart. Hja sitte no yn Dubai foar Nederlanske baggeraars. Hja wurkje mei personeel fan Texel en it rint goed want de 'Elisabeth VI' wurdt op heden ferboud by Damen Skipsbou. Alle skippen ha de namme fan Lieuwe syn mem, wat neffens mij in earbetoan is oan Lieb foar wat hja foar him wie ek yn de drege tiid dy't hja hân hawwe. Lieuwe is stoarn op 8 des. 2008 en leit begroeven yn Oudeschild (Texel). 

Hjirûnder noch in de tekst fan artikeltsje fan 1 july 2003 út it Noord Hollands Dagblad.

Texel - De Texelse sleper Elizabeth van L. Visser en Zn. is afgereisd naar de havenplaats Umm Qasr in Irak. Daar helpt de sleper met het opruimen van de honderden wrakken die voor en in de havenstad ten zuiden van Basra liggen. De bemanning, bestaande uit Texelaars, werkt onder gespannen omstandigheden. ,,Al met al een angstig avontuur'', weet eigenaar Leo (Lieuwe) Visser. De familie Visser werkt al jaren over de hele wereld. Van Birma, Bali tot Dubai; klussen overal in de wereld worden aangepakt. ,,De jongens willen liever niet meer naar Europa. Hier vinden ze het te nat en te koud. Het is daar in Irak nu ongeveer 33 graden'', vertelt Leo Visser, die nog wel op Texel verblijft. 

De Elizabeth yn de haven fan Oudeschild, en rjochts Lieuwe en mem Lieb. Foto's en tekst van Jelle R. de Jong.