Jaap en Jantje de Jong - van der Broek

Romke Jacobs de Jong mei de bôlekoer oan it suteljen, de Swartewei op. Hy wie troud mei Aaltje Bakker en sy binne de âlden fan Jacob, Jaap de Jong (1923), dy't as jonkje op de foto setten is op de Wâl. Op de eftergrûn de loadsen en karren fan de beurtskippers, oan de Ûnderwei. Jaap syn âlders wennen earst oan it Fermaningspaadsje en letter yn it húske op ‘e Symkewâl. Yn 2019 hat Jelle de Jong Jaap opsocht yn de Finke en û.o. dizze foto's fan him krigen.

Aaltje de Jong-Bakker foar de winkel fan Siebren van der Werf op de hoeke Kninebuert / Hege Wei (Hoogstraat 8) mei Jitze oan ‘e hân en Douwe yn ‘e bernewein. Op de oare foto sit Jaap links. De jonge yn it midden is syn neef Sipke Sjoerd Bakker. Wa't de jonge rjochts is koe Jaap net mear yn it sin bringe.

Aaltje de Jong-Bakker (r) mei dochter Gepke. En de troufoto fan dochter Hammie mei Rein Feenstra.

Jaap en syn broer Jitse. Yn de oarloch 40-45 hat Jaap in eangstich aventoer belibbe doe’t de Dútsers efter him oan sieten, troch en oer de hiemen fan it Fermaningspaedsje en de paadsjes der om hinne.

Jaap troude mei Jantje van der Broek. Jitze troude mei Hillie Meijer.

Volgens de website Friese nummerbewijzen behoorde het kenteken B12669 in 1928 aan Jelle de Vries te Gaast en in 1946 aan Jelle de Vries te Ferwoude. Hier poseert Jaap de Jong (1923) naast de Ford V8 met dat nummer. De foto moet van 1946 of later zijn want in 1928 was Jaap 5 jaar en bestond dit type nog niet. De foto is genomen in Workum. De vracht bestaat uit aardappelen. Jelle de jong skriuwt: Jaap hat bij boer Noordenbos yn it Heidenskip arbeide, mar ek as sjauffeur bij de KEB  letter mei noch in 4-5 manlju nei de polder yn it oannommen wurk. En doe is er oannommen as konsjerzje bij de Kristlike Technyske Skoalle yn Koudum.

Jaap op ‘e sylboat (in polyester BM-er) yn ‘e Wyk. Derefter leit in molkskouw mei molkbussen. Fierder sjogge we it betonnen hûske yn gebrûk foar de grutte boadskip fan de skippers en boatsjefolk en efteroan de direkteurswenning fan ‘e súvelfabryk. De foto mei Jaap en Jantje by de boat is nommen yn Nijeskoat.

Jaap kocht it koemelkersspultsje op de Boppedyk 49 fan Oeds Smid. Rjochts Jantsje by de nije oanwas en in moai sicht op ’e Easte.

Jaap de Jong hat lid west fan de toaniel- en mûlharmoanikaklup Pro-Rive en fan it Hearenfeans Manljuskoar. Syn lêste baan wie konsjerzje bij de Kristlike Technyske Skoalle yn Koudum. Hy en syn kollega's wienen present op de trouwerij fan fan Jelle en Jeltsje Walsma-Finnema. Sy posearje op de stoepe fan it gemeentehûs oan de Dammensewei. Steand: f.l.n.r: Jan Kuitert, Kampman, Adema en achter him Jaap Peterson, Jelle en Jeltsje, Ulbe Postma, Jaap de Jong, Repke Ottens. Sittend: Wiebren de Vries, Sjouke de Vries, ûnbekend en Ype Pijlman.

Jantje mei tantesizzer Alie fan Gepke, op de wei foar it hûske oan de Symkewâl. Op de eftergrûn de timmerwinkel fan Sybolt de Jong en it beurtskip fan Pieter de Boer. Op de oare foto stiet Gepke (r) mei Aaltje Finnema.

Jaap en Jantje tegearre. Sy hawwe gjin bêrn krigen.