Douwe en Wiepkje van Hes - Veenstra

Douwe en Wiepkje van Hes-Veenstra mei harren dochter Hinke en pake- en beppesizzer Theo Cnossen, by Wiepkje, en buorjonkje Marten Deinum by Hinke. De foto is nommen op de Slaperdyk, doe neamd Skammelysjewei (dat is in ferbastering van de tige alde namme Skeamelljuswei as Schamelmanspad sa't yn de alde boeken stiet).

Hinke van Hes as famke van santjen jier. Sy troude Willem Cnossen. Rjochts Hinke en Willem op harren wenskip yn Harns yn 1961. Willem wurke doe foar baggerbedriuw Dikkerboom.

Willem op in sleperke yn Warkum yn 1935. Hy wurke doe bij Sjouwe Eekma.

It pleatske fan Douwe en Wiepkje van Hes op it hjoeddeiske adres Slaperdijk nr. 5, sjoen fanut it súden, dus fan de kant fan de Galamadammen.

Wiepkje van Hes-Veenstra foar de hage by it hus oan de Slaperdijk. Letter wenne hja Smidsweg 34, foto rjochts. Foto's ûntfongen fan Theo Cnossen.