Piet en Johanna Bandstra-Mensonides

Dit zijn Hennie, Sybolt, Johanna en Louw Bandstra. Ze poseren voor de schoenenwinkel van hun ouders Piet Louws Bandstra en Johanna Mensonides aan de Kninebuert, nu nr. 10. De foto rechts is van later datum maar toont de oude situatie. De schoenenwinkel was in het linkerdeel van dit pand (foto links en onderstaande advertentie ontvangen van mevr. Hoekstra-Bandstra te Dokkum).

Jelle R. de Jong: Johanna Sybolts Mensonides is in suster fan bakker Eeuwke. Piet en Johanna Bandstra krigen seis Bern: Louw, Rinske, sy is ferûngelokke ûnder in bus, Sybolt, hy troude mei Trijnie fan Jelle en Sieb de Jong, Clara, sy troude mei meester Coenraad in Indyske Nederlanner, Hannie, en Eeuwke, hy troude mei in suster fan Jan Brouwer en wie letter skuonmakker op ‘e Jouer. 
Piet Bandstra syn skuonmerk foar jonges wie 'Robinson' en syn motto wie: 'Schoenen hier niet gekocht worden hier niet gerepareerd'.
Bandstra wie apart, mar sokken wienen der mear: Sybren (Spiker) de Jong hie fan Bandstra twa pear sneinske  skuon 'op sicht', brúnen en swarten. Sybren kocht ien pear en brocht it oare werom yn de winkel. Mar doe't Bandstra in dei as wat letter de doaze iepen die, siet dêr in brûne en in swarte skoen yn. Dat hy nei Sybren om ferhaal te heljen fansels. Sybren hie it ferskil net sjoen, sei er, en hie de skuon al oan hân. Bandstra wurde sawat gek, en der sil it Sybren om te dwaan west hawwe. Hy hie wol wat oer foar in goede grap en hat beide pearen kocht.