Piebe Bakker

 

Piebe Bakker (1929-2002) musicus, zoon van Sipke en Joltje Bakker, poseert in het het uniform van Nij Libben. Hij was met groot succes twee decennia de dirigent van Nij Libben, dirigent van diverse Friese blaasorkesten, dirigent van het Nationaal Jeugd fanfare orkest en directeur van de muziekscholen in Koudum en Bolsward.

Bij it ferstjerren fan Piebe Bakker skreau Jelle de Jong in 'yn oantinken'.

Snein foar twa wiken ferstoar de âld-Koudumer Piebe Bakker yn Wommels op de leeftiid fan 73 jier. Piebe hie en hat in grutte namme opbout as musikus foaral yn fanfare en harmony rûnten. Hij kaam út in muzikale famylje, âldomke Aant, heit Sipke, omke Piebe en letter broer Henk  spilen yn de Koudumer Fanfare “ Looft den Heer”. Ek Piebe spile der syn earste noaten op de sopraan saksofoan. Nei de oarloch gienen de beide Koudumer fanfaren (de oare wie Richard Hol) byelkoar en fierder as Nij Libben.

Piebe woe nei de oarloch  net yn de grientesaak fan syn heit mar gie op stúdzje foar de akte muzykûnderwiis. Hij  waard ein fjirtiger jierren dirigint fan it korps fan Molkwar en letter ek Nijegea ( Marlûd),  Parregea  en sa mear. Undertusken studearre er bij de bekende komponist Gerard Boedijn direksje harmony en fanfare.  Doe Bram Feenstra de dirigint fan Nij Libben nei Ynje moast,  waard Piebe dirigint fan it eigen doarpskorps. Langer as tweintich jier hat Piebe op de bok bij Nij Libben stien. En dat binne jierren west wêryn sawol korps as dirigint in grutte namme  krige yn Fryslân mar ek yn Nederlân.

Piebe begie mei learlingen op te lieden ta korpsmuzikant (wêrûnder ûndergetekende mei fan de earsten) en dat liede ta in  jeugdkorps yn Koudum fan wol  35 man  dy´t ek selsstannich optredens fersoarge en letter foar yn part ynstreamde yn it grutte korps. Op oanstean fan Piebe sleat Nij Libben har oan bij de Algemiene Uny fan Muzykferieningen. En yn die rûnten die Nij Libben ûnder Piebe mei yn de heechste regioanen, ja, ferskate kearen giene hja mei de kampioenswimpel nei hûs. Faaks behelle tsjin drege konkurrinten út de Zaanstreek. Dit hie ek fan gefolch dat foar it earst  Piebe Bakker mei de amateurfanfare Nij Libben yn it kader fan it Holland Festival in konsert fersoarge mocht yn it Kurhaus yn  Skeveningen.

Ein 50-tiger jierren kaam Nij Libben kreas yn it pak en wie der ûndertusken ek in prima drumband dy´t mei it korps útnoege waard bij ferskate festiviteiten sa as de 'wereld-tentoonstelling' yn Rotterdam, optochten en blommekorso´s.

Ek socht Piebe oare wegen foar de jierlikse útfieringen fan it korps . Net mear muzyk foar it skoft en toaniel as soks sawat nei, mar útfieringen fan korps en grutkoar mei stikken as it slavekoar en sa. Ek de útfieringen fan d´ Arlesienne fan Bizet en de Peer Gynt Suite mei de foardracht keunstner Cor Breed wie wat nijs en sprieken tige oan. En wa kin yn de súdwesthoeke net de grutte sjo yn it sportterrein fan Nij Libben mei de húshâldskoalle. Muzyk, gymnastyk, dúns en sjo organisearre troch Piebe Bakker en Ep Jansen. Tûzenen minsken kamen der op ôf.

It earste radio optreden fan Piebe wie mei  Nij Libben life yn Hilversum foar de NCRV, we moasten doe yn taksy´s werom want de bus mocht net ride fanwege it optaaien fan de diken, letter binne der ferskate kearen opnamen makke foar omrop Noard en de Vara. It wie ek  Piebe dy´t mei Nij Libben as earste  begjin 60-tiger jierren it weage om as amateur feriening út Fryslân mei te dwaan oan it 'Wereldmuziekconcours' yn Kerkrade.

De muzykkar fan Piebe wie ek nij en oars as yn it ferline, mei no moderne komponisten as Boedijn en Boekel dat wiene de earste fan in hiele ris  orizjinele wurken foar fanfare. Mar ek dienen ûnder Piebe de skúftromboane en de wâldhoarn harren yntree bij de amateur fanfare. Piebe hie as ien fan de beste Fryske diriginten fan doe ek in hiel searje goede korpsen wêrby foaral it Makkumer Korps syn favoryt wie, der´t hat er dan ek jierren foar stien. Mar ek de ombou fan de fan it kombinearre Harichster en Balkster korps ta de 'Streekharmonie Concordia' wie Piebe syn wurk. Sels it Wommelser korps waard ombout ta harmony.

Piebe Bakker wie ek de gongmakker en direkteur fan de Muzykskoalle yn Koudum letter de Súdwesthoeke. En hij hat jierren de muzykles jûn oan de húshâldskoalle en de technyske skoalle yn Koudum. Piebe waard ek beneamd ta direkteur fan de Boalserter muzykskoalle dy´t letter fuseare mei dy faan de Súdwesthoeke. As ferfolch op de eardere útfieringen fan Nij Libben mei koar wie er inisjatyfnimmer en hie er de lieding fan de Rabo-Festivo´s. Sang en muzyk fan korpsen en koaren út in regio dy´t mei-elkoar  optreden mei solisten en sa,  ek dit wiene útfieringen dy´t it smite folk yn sporthallen en sa byelkoar brochten.

Jierren lang hat Piebe Bakker dirigint west fan it Nationaal Jeugdfanfareorkest  en ferskate  diriginten en beropsmuzisy fan no ha ûnder Piebe Bakker spile en binne motiveare om yn de muzyk fierder te gean. Hij kaam ferskate fan harren wer tsjin bij syn sjuereren op konkoersen en festivals.

It wie net altiid yn de gloaria der wie ek wolris wat, teminste bij Nij Libben wêr`t de eigen man út it korps dochs in oar plak hie dan earne  oars. Mar as Piebe it op de heupen hie, dan gebeurde der wat yn in repetysje en koe er de minsken motivearje en bringe  ta prestaasjes dy´t faak boppe har eigen kennen útstiigden. Ek syn sjarme en it moaie ferhaal makken dan dat de repetysjes en útfieringen fan korps wat ekstra hienen der´t we mei tagedienens oan werom tinke. 
 
Jelle. R. de Jong

Leeuwarder courant 27 sept. 1951

Bij de trouwerij van Piebe en Lokke waren alle korpsen present (foto uit het gemeentearchief). Piebe en Lokke kregen drie zonen Sipke, Bart en Henk. De beide oudsten zijn ook in de muziek gegaan.