Klein Beuckenswijk

Ansichtkaart met daarop Klein Beuckenswijk en de Koudumer jeugd, met poststempel 1910 (foto beschikbaar gesteld door Jan Overzee uit Son en Breugel).

De naam wordt gespeld met ck, zoals te zien is op het hekwerk.

Ansichtkaart uit begin 20e eeuw van Klein Beuckenswijk (collectie L. Folkertsma Joure).

De achterkant van Klein Beuckenswijk (foto uit het archief van de Fa. Gebr. Muizelaar).

Adfertinsje Leeuwarder courant, maart 1874

Klein Beuckenswijk is yn 1874 tekene troch arsjitekt Albert Breunissen Troost
Tresoar bewarret it ‘Bestek en voorwaarden wegens het bouwen van eene nieuwe huizinge te Koudum ten dienste van mevrouwe de weduwe J. de Rochefort-de Carpentier’. Hjirút docht bliken dat it ûntwerp al yn 1874 tekene is troch de arsjitekt Albert Breunissen Troost (Drunen 1832- Snits 1900) út Snits.

Klein Beuckenswijk
Klein Beuckenswijk is boud foar Jacoba Jeannette Diderika Martina de Carpentier (1819-1900), dy’t yn 1874 noch net sa lang widdo wie fan notaris Jan de Rochefort (1819-1873). Har pake en beppe Johannes Petrus van Hylckama (1749-1816) en Titia Rinia van Nauta (1754-1816) lieten yn 1780 it bûten Beuckenswijk yn Sondel bouwe. Har mem Aletheya Aurelia van Hylckama (1777- 1824), dy’t letter troude mei Jan Hendrik de Carpentier (1773-1838), mocht as lyts famke de earste stien lizze. Sa’n hûndert jier letter wie Beuckenswijk yn ferfal rekke en yn 1884 liet Jacoba it ôfbrekke. Klein Beuckenswijk yn Koudum is fansels neamd nei it hûs yn Sondel en dat Jacoba it yn 1884 ôfbrekke liet ferklearret faaks wêrom ‘t it boujier op 1885 skatten wurdt.

Albert Breunissen Troost
De arsjitekt fan Klein Beuckenswijk is in nijsgjirrich man, dy ’t in soad koe. Albert Breunissen Troost wie sawol arsjitekt as direkteur-boekhâlder fan de gasfabryk fan Snits. Ek hie er in protte bestjoersfunksjes en hy wie in grutte stimulator fan de oanlis fan it spoar tusken Ljouwert en Starum. As arsjitekt hat hy sa’n 120 gebouwen op syn namme stean, sawol yn Snits as yn de Súdwesthoeke as dêr bûten.

De gegevens over de bouw zijn ontvangen van Alice Booij, Netwerk Streekarchief Zuidwest Fryslân