Melksters uit Koudum

Foarhinne wie it mei ûngetiid en oare drokte sa, dat bij de boeren in soad losse melkers hienen.De losse melkers dienen dan de melkerij en oare omballingen. De boer en de fêste arbeider(s) koenen dan yn it lan bliuwe. Hjir op de foto twa froulju op wei nei it lân om te melken . It binne: mei de leie Durkje de Jong-Ekkers troud mei Hindrik de Jong en dy bourken yn de Heanmar nr 3 en losse melkster Liep (Elisabeth) Visser-de Boer dy´t jierren lang by harren molken hat. De froulju ha de âldste klean oan, de s.n. melkersklean, want it wie faaks smoarch yn'e jister.

(foto en tekst fia Jelle R. de Jong)